Tarieding
 
Meitsje foardat jo jo ôfjouwe in plan. Besjoch it trajekt dat jo ôflizze wolle op in oersichtskaart. Wolle jo mei it iepenbier ferfier, wolle jo ûnderweis earne oernachtsje, hoe komme jo oan jo wiet en droech, hoe is it waar? Hoewol't der ûnderweis horekagelegenheden binne, nim dochs altyd in flaubyt en wat drinken mei.
Jo komme troch kontreien dêr't de sneinsrêst noch yn eare hâlden wurdt; moandeis binne in soad gelegenheden ticht en sneons slute de winkels earder. Alles wat jo meinimme, moatte jo sels sjouwe. Der is in sechje: men hat it meast profyt fan wat men thús bliuwe lit..... Noflike klean, in ekstra trui, stevige, goed ynrûne skuon, in wyn- en wetterticht jek kin it net sûnder. In goed sittende rêchsek mei dêryn in kleedsje om op te sitten, meitsje jo tocht der allinne mar nofliker op.
 
Oernachtsje
 
Nim yn it foar kontakt op mei jo gastadres en tink der om, jo moatte jo legitimearje kinne.
 
Iepenbier ferfier
 
Op in soad plakken krúst it Jabikspaad in trein- of busferbining. Efteryn de gids stiet in oersjoch fan de lyntsjinsten sa't dy yn 'e maitiid fan 2000 fan krêft wiene. Wol efkes neigean oft dy tiden noch klopje.
 
Te gast
 
De rûte rint foar in part oer partikuliere paden en stikken lân. De eigners en/of brûkers hawwe op ús fersyk meistimd yn it rekreatyf meibrûken dêrfan. Mar jo hawwe der gjin rjocht op. Lit jo hâlden en dragen dêrom sprekken lije kinne:
 
                          - doch de hikken wer ticht;
                          - bring gjin merktekens oan;
                          - lit gjin ôffal slingerje;
                          - lit blommen en planten stean.
 
Hûnen en fee
Losrinnende hûnen kinne it fee, benammen de skiep, slim fersteure. As jo jo hûn meinimme, hâld dy dan oan in koarte line en nim wêr't in buordsje stiet mei "foar hûnen ferbean" in alternative rûte. Frâl troch it jeien op skiep kinne hûnen skea feroarsaakje dy't op de eigners ferhelle wurdt. As der fee út it lân brekt, warskôgje dan de plysje of de omwenners.
 
Oanspraaklikens
It Jabikspaad rint oer iepenbiere of foar de kuierder en fytser tagonklike wegen en paden. De brûker fan de gids makket de tocht folslein op eigen risiko. Hja/Hy kin oan it feit dat de rûte yn dizze gids beskreaun is, gjin rjochten ûntliene oan de útjouwer of oan tredden.