Bij it ôflizzen fan it 150 kilometer lange Jabikspaad sil men űnderweis njonken it Hollânsk net minder as fjouwer ferskillende talen en streektalen hearre.
 
De Friese vlag It Frysk
 
It Frysk is in Germaanske taal, dy't foar in soad minsken yn de provinsje Fryslân de fiertaal is. Oant yn de sechtjinde ieu wie it Frysk de offisjele taal fan bestjoer en rjochtspraak. Mei it teloargean fan de Fryske frijheid om 1500 hinne en de ynfloed fan machthawwers en oerheidsamtners om utens wei, waard de posysje fan it Frysk oantaast. Yntusken is it Frysk erkend as twadde rykstaal.
Yn Dútslân wurde noch twa Fryske streektalen praat: it Noardfrysk by de kust fan Sleeswyk-Holstein lâns en it Eastfrysk of Sealterfrysk yn it pear doarpen yn 'e omkriten fan Oldenburg.
 
Hjirűnder folgje twa fragminten út in gedicht fan Piter Jelles Troelstra:
 
Een Friese koe Ôfskie
 
Farwol, âld doarp, ik moar fan dy fandinne;
It libben lűkt, de koarte lîns is oer;
Farwol, do beammeskaad om d'âlde toer,
Jim wide fjilden, drôgjend yn 'e sinne.
En jimme, warber folk, sa trou, sa gol,
Freonen fan âlds, farwol!
 
Yn kringen leit it libben om ús hinne;
It húsgesin, it heitelân, de wrâld,
't bedriuw, de klasse der't men jin by hâldt.
Der lizze de grűnen der't w'op aardje kinne,
De loft, weryn ús geast nei't grutte tynt,
De wei nei 't ivige fynt.
                          Piter Jelles Troelstra
 
út Samle fersen
Bosch & Keuning, Baarn/De Tille, Ljouwert, 1981

 
 
Oude kaart van het Bildt It Bildtsk
 
 
De gemeente It Bilt oan it Waad leit yn 'e eardere műning fan 'e Middelsee dy't oant yn 'e tsiende ieu Fryslân oant de line Snits-Boalsert yn twaën dielde yn Westergoa en Eastergea.
Dęrnei waard de Middelsee by stikjes en bytsjes ynpoldere. Om 1300 hinne wie de Middelsee tebekkrongen oant 'e line Bitgum-Stiens. Dęrnei hat it jierren duorre eart men it weage om it foarlizzend lân te bedykjen.
De gemeente It Bilt bestiet út 'en rűgen út trije polders, dy't troch de efterinoar folgjende diken dúdlik yn it lânskip te werkennen binne. De âldste polder is it Aldbilt dat űntstien is troch it oanlizzen fan de Aldebiltdyk yn 1505. De Nijebiltdyk is yn 1600 opsmiten, węrmei't it Nijbilt fan de see ôfskerme waard. Eastlik fan Swarte Hoarne waard yn 1715 de tsjintwurdige seedyk opsmiten. Dęrmei foltôgen de Biltpôlen de definitive grins mei de Waadsee.
Oan 'e earste ynpoldering yn 1505, ta stân brocht troch bedikers út Hollân, Brabân en Seelân en "diverse andere naciën" hat It Bilt syn taal te tankjen: in mingtaal fan âld-Hollânsk mei sterke Fryske ynfloeden. Dizze likegoed sterk fan it Frysk ôfwikende streektaal wurdt oant hjoed de dei noch altiten praat, der wurde boeken yn it Biltsk skreaun en de measte toanielferienings spylje harren jierlikse toanielstik yn it Biltsk.
 
Foor wie't op 't Bildt komt binne d'r 'n prot saken die't opfâle. 't Eerste is dat de drie dorpen na Hailigen noemd binne. Toegelyk met 'e bediking in 1505 worden op 't plak fan de drie dorpen werkkampen foor de bedikers boud, die't Wijngaarden, Altoenae en Kijfhűeck kwammen te hiten na de plakken der't de bedikers wegkwammen. Na 'n paar jaar worden in die kampen kerken boud, wijd an Sint Jabik, Sint Anne en ôns Lieve Frouwe. Na Ferloop fan nag gyn hondert jaar waren de oorspronkelike dorpsnamen ferdwenen en hiten de dorpen St.-Jabik, St.-Anne en Froubuurt.
Gemeentewapen het Bildt De tweede bisonderhyd is dat de diken
(wegen) op 't Bildt hest allegaar recht binne en noord-súd en oast-west anlaid binne. Ok de stikken lând binne rechthoekig ferkaveld; de eerste rechthoekige, planmatige ferkaveling in Frieslând.
Ok kin 't Bildt 'n ôfwikende form fan 'e plaatsen
(boerderijen). "Winkelhaakplaatsen" worre deuze plaatsen noemd at 'e skuur haaks op 't huus staat.
 
 
 
De Stellingwerven
 
De Stellingwerven, besteande út 'e gemeenten West- en Eaststellingwerf, hat in fan âlds Nedersaksyske befolking mei in eigen taal en kultuer. De Stellingwerven lizze tusken de rivieren de Tsjonger of Kuunder yn it noarden en de Linde of Lende yn it suden.
Yn 'e lęste Iistiid (10.000 foar Kristus) libben yn dizze kontreien rindierjagers: de saneamde Tsjongerkultuer. Under it Frankyske bewâld hearde it hjoeddeisk Stellingwerf ta it goa (=bestjoersienheid) Thriënte, dęr't ek Noardwest-Oerisel en Drinte diel fan útmakken.
It goa kaam yn 1046 űnder it wrâldsk bewâld fan de biskoppen fan Utert (it Sticht). Yn 1309 belegeren Stellingwervers yn 'e mande mei boeren út Fryslân it biskoplik kastiel yn Vollenhove. It konflikt gie oer de hier fan de saneamde Broeklannen om Iselham en Oldemarkt hinne, dy't troch de Stellingwerfske en Fryske boeren brűkt waarden foar it winnen fan hea en it weidzjen fan jongfee. Mei de opstân tsjin de biskop űntstie de Frije Naasje fan de Stellingwerven, de earste boererepublyk fan Nederlân.
De komst yn 1498 fan de Hartoch fan Saksen yn Fryslân betsjutte de ein foar de űnôfhinklike boererepublyk. Stellingwerf waard by Fryslân foege en waard yn 1500 in gewoane Fryske gritenij.
It ferfeanjen yn de twadde helte fan de 19de ieu wie it begjin fan grutte sosjaal-ekonomyske feroarings. It oprjochtsjen fan suvelfabriken nei 1880 en de lânboumechanisaasje nei de Twadde Wrâldkriich feroaren it agraryske karakter fan it gebiet. Tagelyk űntstie de lichte yndustry dy't no in wichtige ekonomyske rol spilet.
 
De namme Stellingwerf is ôflaat fan de natuerlike hichten of werven dęr't de stellingen (doarpsrjochters) rjocht sprieken. Nei 1500 wie it bestjoer yn hannen fan de grytman. It wurd "grytman" komt fan "greta", dat rjochter betsjut.
 
It Stellingwarfs
 
It Stellingwarfs is in ieuwenâlde Saksyske taal, dy't mear besibbe is oan 'e streektalen út Drinte en de Kop fan Oerisel as oan it Frysk. De Stellingwarver Schrieversronte docht alle war om de eigen kultuer te hoedzjen en te noedzjen en om it Stellinwarfs te brűken.
 
 
Waor de Lende
 
Waor de Lende zien loop deur de weilanen trok
In de vremd-wispelturigste bochten,
Daor jubelen de vogels van pure gelok
An oneindige, straolende lochten.
Ja, doar pronken de pettens -et bugende riet;
En van kleurenpracht tillen de tunen.
Ja, doar roesen de dennen heur donkere lied
En doar tooltert de jeugd deur de dunen.
 
Al die dorpies, ze liggen verspreid her en der,
Mit een karke - een koppeltein huzen:
En een botterfebriek of een schoele is er.
Soms wat groter, mit wegen die krusen.
Och, ze bin mar zo klein, mar ze bin zo vertrouwd
Veur et volk, dat er eigen mit raekte.
Want ze bin mit et zwiet van et veurgeslacht bouwd,
Dat van heidevelden weilanen maekte.
 
Ja, dat volk is een volk van et Saksische slag,
Dat zien eigen karakter beweerde.
Dat zien tael onderhul tot vandaege de dag!
Dat zien eigen kultuur nooit verleerde!
Ja, dat volk is deur díeuwen vergrujd mit zien grond,
Mit zien dorpen en eigen bedrieven.
En de Lende stroomt wieder! De stroom is gezond!
Zó zal Stellingwarf Stellingwarfs blieven!
 
                                                    Jouk
 
uut de bundel: Een handvol Speulgoed
uutgifte: Stellingwarver Schrieverronte

 
 
Noardwest-Oerisel
 
Noardwest-Oerisel - de Kop fan Oerisel - is in wetterlân mei de moaie natoergebieten De Weerribben en De Wieden.
Nei de Iistiid is út 'e oerbliuwsels fan planten yn de plassen en sompen fan Noardwest-Oerisel leechfean űntstien. De earste bouboeren yn dizze kontreien setten har om 900 hinne nei wenjen op 'e hege ręgen fan bolstienliem, űnder oare by Barsbeek.
Fan de tolfde ieu ôf makken de kolonisten it fean oan foar feehâlderij en lânbou. Troch it űntwetterjen beklonk de grűn en sadwaande wie it allinne noch mar gaadlik foar greidlân.
Yn 'e Midsieuen waard űntdutsen dat turf in goede brânje wie. Yn West-Nederlân kaam hieltyd mear fraach nei turf. It earste ferfeanjen op grutte skaal barde yn de sechstjinde ieu yn De Wieden.
Dat ferfeanjen wie doe noch net oan regels bűn. Om safolle mooglik turf winne te kinnen, waarden de lisikkers, dęr't it fean op te droegjen lei, smel hâlden en waarden de stripen dęr't it fean ôfgroeven waard, de lettere petgatten, breed makke. By stoarmwaar waarden de te smelle lisikkers fuortslein en űntstiene dęr grutte plassen of "wieden".
By it letter oanmeitsjen fan de Weerribben waarden de ribben of lisikkers breed genôch makke, sadat se by stoarmwaar net opslokt waarden troch "weren" of petgatten. Om de turf ferfiere te kinnen, waarden der kanalen en greften groeven. Bloksyl wie oant yn de 17de ieu it wichtichste oerslachplak en de grutste trochfierhaven fan turf nei Hollân ta. De ekonomy bloeide op troch de turfgraverij en de hannel.
Yn de 19de ieu kaam dęr in ein oan. Njonken de turfgraverij libbe de befolking fan de lânbou, de fiskerij en it reid.
Hjoed de dei smite it toerisme en de wetterrekreaasje de measte ynkomsten op foar de Kop fan Oerisel. Oan it reid wurdt noch altiten fertsjinne: it Kalenberger reid wurdt brűkt foar it dekken fan dakken.
 
De streektaal
 
De streektaal dy't yn 'e Kop fan Oerisel praat wurdt, liket op it Stellingwarfs út Súdeast-Fryslân. Nei alle gedachten hawwe yn it ferline kolonisten út Stellingwerf har yn Noardwest-Oerisel nei wenjen set. It folgjende gedicht yn it "plat Oeriselsk" beskriuwt it Jabikspaad troch de gemeente Iselham.
 
Ut Jabikspad
 
Veur deurzetters en volholders is disse tocht,
Ze word'n van ut noord'n naor de zunne e brocht
Deur polders, langs weid'n, boss'n en hei,
Now 't is hier volop, as een pracht schilderij.
Wey bin inmiddels in Overiesel an e laand,
Mit bloem'n en voegels rondom an de kaant.
Ut dorpie is old, wel zoen achthonderd jaor,
't Leem was hier vroger niet reike en zwaor.
Bekiek de olde gevels, en luuster naor de rust,
Pruuf de sfeer, neem de tied, dat kan gerust.
Nao ut dorp een bospad, op weg naor 't moeras,
Wat vrogger veur leek'n best gevaorlik was.
Ik road joe, gebruuk joe'n oog'n en oor'n hier goed,
Want dit is een streek, die zet je in gloed!
Voegels en bloem'n die ziey hier volop,
Leup ie eerst krom, now gaoi weer rechtop.
In 't dorpie, waor nou joe'n voet'n 't skulpepad tred'n,
Wordt rondom ut beste riet van Nederlaand e sneed'n.
Vrogger was ut turfstikk'n de bron van't bestaon,
Now wordt er meer an de riethaandel daon.
Nao Kaelenbaarg, deur 't moeras naor Nederlaand,
Zo hiet dit plak, waor ay now bin an e laand.
Dit is de greens van dit mooie gebied,
Verder een goeie reis nog, en geniet!
 
                                    Jantje Brouwer-Middelhof