IT ULEBOERD TUSKEN FANTASIJ EN WITTENSKIP
Wa't in dei mei yn fryslân ynteresseare minsken troch de provinsje underweis west is wit dat ien fan de fragen dy't altyd wer steld wurdt dy nei de betsjutting fan it ûleboerd is. No is oer net safolle underdielen fan de fryske folkskeunst safolle skriuwn en discussieerd as oer dizze fersiering fan de Fryske pleatsen. Net allinne âlde pleatsen drage it ûleboerd, ek op in protte nije stallen is it te sjen.
It wurdt erfaren as ien fan ús meast eigene symboalen en lyk wênstich rinne de ferklearringen fier út elkoar. Mei't lâns it Jabikspaad de measte typen te sjen binne kin yn dizze rige in skôging oer it ûleboerd net ûntbrekke.
Hynders en swannen
Pylgers en swalkers dy't geandefoet de alde hearwei geane fan Stjinwyk de kant fan Fryslân út, nimme graach koart foar de grins in bakje bij de herberg "de witte paarden". Tsjin de gevel sjogge je de twa wite hynders tsjin in reade eftergrun. It symboal fan de Saksyske naasje fan de Tjonger oan't de Harz. Hjir en der yn Niedersachsen sjogge je se noch op de pleatsen as gevelteken, as symboal fan it bodzende Saksyske folk, hurd wurkjend op de grun dy't al safolle generaasjes in goed stik brea levere. Faker noch binne de krúste hynstekoppen te sjen op de boerebanken dy't yn hast elts Dúts doarp in yn naturstien bylkjend sintrum foarmje.
As je oer de Linde komme en de Stellingwerven trochgeane, sjogge je stadichoan swannepearen op de pleatsen ferskinen.
De grutske fûgels fan it wetterlân. Thús yn de loft, op de ierde en ûnder wetter. Yn de hjerst komme de kloften fan de wylde famylje heech út it noarden en yn de maaitiid reisgje se nei unbekinde streken werom.
De knobbelswan briedt hjir en der yn it reid. "Hij" swemt as de kening fan de polder troch de tochtsleat en twingt mei syn heven wjokken respekt ôf. Swannen foarmje koppels foar it libben en binne derom symboal fan de houlikstrouw. It liket oft de Fryske boer en boerinne harren selts weromkoene yn de sterke frije fûgels fan it wetterlân. Tagelyk relatifearje dy "nutteleaze" fûgels it drege skreppen fan al den dei. Swannen binne de bisten fan de sjoggers, de dichters en de sjongers, fan de frijdom, de rekreaasje en it pronkjen, it op jin mooist wêzen, it fersieren fan it libben mids bouwlân, reidfjilden en greide.
De KLM hat it Fryske totemdier ta syn symboal makke en foel dermei wakker yn de prizen. Tagelyk rûgelje ús swannen fan de boerepleatsen. Net sasear swannen siere de nije bedriuwen folle faker sjogge je twa kij de stâl fersieren en wite en swarte hynders stigerje op de skuordo-arren. Ek de moderne Frieske boer siket syn frijdom aloan faker via de swannen fan de KLM, oan fiere easter en westerstrânnen.
It fâlt te hoopjen dat wy ek op eigen hiem each hâlde foar oar it "nutteleaze" dat it libben smaak en kleur jouwt, al wie it mar yn it opsjen nei in kreas opmakke ûleboerd.
De seis typen
De reisger oer it pylgerpaad komt ûnderweis fiif fan de seis ûleboerdtipen tsjin. Tipen dy't al yn de achttjinde ieuw as sadanich te ûnderskeiden wiene.
Yn de Stellingwerven en hjir en der al yn de kop fan Oerissel fine we it ienfâldichste type ûleboerd: dat fan de Wâlden. Yn it Fryske gebiet bliuwe we dit sjen lans it paad oan't de Kromhaskerdiken ta.It ûleboerd fan de Wâlden hat as middenstile, "de makelaar", in tsjelkje mei derboppe in flamke, men soe der ek in faas yn sjen kinne.
Fan 'e Haskerdiken oan't foarby Jirnsum sjogge we it ûleboerd fan Midden Fryslân mei it fjouwerspeakige tsjil en neist de makelaar twa palmtûken. Dizze lêsten passe goed by de streek want de palmtûken fan palmsnein binne yn dizze doarpen it langst as libbene tradysje bewarre bliuwn.
Fan Jirnsum oan't Raard komt it ûleboerd fan de Wâlden werom.
De hearewei stekt no by de Krinzerearm de âlde Middelsee oer en we komme yn Westergoa. Daliks sjogge je de buorden fan it Westergose type mei it tsjiltsje en de heale moanne. De makelaar bekroane troch in klaverblêdsje. De swannen hawwe hjir faak in read halsbân.
By Winsum en Wjelsryp trochkrúse we it âlde Hennaarderadiel mei har wakker barokken makelaar. Boppyn it saneamde "mantsje" as bekroaning fan potten of blomfazen mei hartjes, blomkes en heale moantsjes. It ûlegat is meast ôfsletten mei in seisstjer.Ulen hiene op de heasouders yn de Greidhoeke net folle wurk.
By Tsjom en om Frjertsjer treffe we wer it Westergotype.
It fyfde type fine we yn de bouhoeke. De makelaar is heech en smel, wylst de swannen oan de foet fan de "beam" yn ferhâlding behindich binne. Yn it eardere Barradiel sjogge we healwei de makelaar seis lytse swaantsjes.
De fariaasje wie destiids greater mei´t der in protte timmerlju binnen it ramt fan de tradysje harren fantasy wurkje lieten. Yn de lêste desennia binne de grinzen fan dy fantasy mei troch de rige publikaasjes dy't fertelle hoe't it heard, beheinder wurden.
Wol sjogge we hjir en dêr yn stee fan swannen oaljefanten, seehûnen en de al earder neamde hynders. Oan it pylgerpaad stiet by it hynstestasjon fan Hasterdiken in ûleboerd mei Fryske hynders oan de dyk. By Doanjum makket in boer reklame foar syn jerappels troch in ûleboerd by de hommaie te setten. Sa kin men it ûleboerd fan Westergo moai fan tichteby besjen.
Spitichgenôch misse we ûnderweis it ûleboerd fan de Súdwesthoeke dat as opfallendste elemint "de harp"sjen lit. Men sjocht dêr it greidelân mei de greppels yn.
Baas op eigen hiem
It is hjir net it plak de diskusje oer it ûleboerd yn syn hiele hear en fear op it aljemint te bringen. De ynterpretaasje rint útien fan tafallige úttinksel fan in doarpstimmerman oan't mistike gearfetting fan de Germaanske religy.
Wol wis liket te wêzen dat it ûleboerd te meitsje hat mei it swannerjocht. Swannen hâlde wie oer it generaal it privileezje fan de adel- yn Ingelân skynt dat noch sa te wêzen.
Yn Fryslan hie fanâlds elts it rjocht swannen te hâlden. Foaral yn de Súdwesthoeke wie de eksport fan pikele swannefleis wichtich. Molkwar en Woarkum foarmen it sintrum fan de hannel. Molkwar fiert oan't hjoededei ta de swan yn it wapen.
As útlânske hearen it yn Fryslân te sizzen krigen prebearren se altyd de swannerjochten yn de macht te krijen. Takommend jier kinne we fiere dat Hartoch Albrecht fan Saksen yn 1498 himselts "alle die Swanen" taeigenje woe. It ferset út Westergo wie sa fûl dat hy dy eask falle liet. Yn letter tiid waarden de swannerjochten wol beheind. In ûleboerd soe eartiids oanjûn hawwe dat in pleats it swannerjocht hie. Hoxwier, ûnder Mantgum soe derfan de lêste west wêze. Ulebuorden op alle skuorren, stallen en hokken binne sa in prachtich symboal fan it "baas op eigen hiem" fan eltse Fryske húsman.
De foarm fan it ûleboerd, de makelaar of stipel mei de beide fûgels oan wjerskanten lykje út de sawntjinde ieuw te stamjen. De Grinslanners neame it trijehoekige boerd dat it dak ôfslút ek wol "de timpel". In klassike of in nij-klassike timpel of tympaan is faak fersierd mei dûbele spiralen. Yn it barokke Fryslân wienen sokke dûbele spiralen rûnom te sjen yn hout, stien en izer. In peal mei twa spiralen is sa te beskôgjen as it oer-ûleboerd.
Yn de beam mei de twa fûgels ferskynde op de skuorren ien fan de húsrymste symboalen fan Eurazië: de libbensbeam mei de twa behoeders, fanâlds memme ierde mei har beskermers. In byld dat we ek kinne fan de merklapen en dat op âlde weefsels, bygelyks om reliken hinne,. hiel goed nei Fryslân komme koe. Grif wie it byld fan de âldste tiden ôf hjir al bekind.
Op symboalyske wize kinne je yn de swanen boer en de boerinne wjerjûn sjen, tegearre op de pleats noed steande foar de " libbensbeam" it harren tabetroude libben fan de minsken, de bisten en de planten.
In fromme pylger lêst, mei destiids dûmny Wumkes, it klaverke dat de beam bekroanet as in earbetoan oan de Trijeiene God dy´t libben jowt en libben nimt en syn seine jouwt oan it hoedzjen en trochjaan fan it libben.