Ek al wiist 'Compostela' werom nei 'gręffjild', yn de tradysje hat it de bestjutting fan: "Fjild fan de Stjer" krige. Yn tal fan teksten wurdt sprutsen oer de Stjer die't de pylgers it paad wiist. Dizze stjer wurdt vakentiids ferbűn mei Maria: "Stella Maris" Stjer fan de See.
De leginde fertelt dat Maria persoanlik Jacobus oantrúne it paad nei it Finisterra te ferfolgjen. De "Stjer" fan Compostela hat in wikseljend tal punten. Bij it Fryske Jabikspaad komt de seispuntige stjer it meast foar. Dizze stjer wurdt de Liedstjer of Noardstjer neamd.
Yn Jorwert stiet it romrofte "Het wapen van Baarderadeel". De Grietenij hie eartiids twa rjochtsgebieten: Baerd en Jorwert, dus twa Liedstjerren.
Yn it tredde part fan de Fryske wapens stiet de seispuntige stjer it 'Hexagram'. 'Hoe komt dochs de Davidsstjer yn ús wapen?' freegje de dragers harren soms ôf. Yn it hiele 'Nederlânske gebiet' is de seisstjer húsriem, wylst fierder yn Europa mear de fiifstjer 'it Pentagram' gongber is.
De útlis fan de seisstjer wjerspegelet de opfettingen fan ús folken oer minske, moraal en kosmos troch de ieuwen hinne. By dizze âlde symboalen is it net mooglik ien, slutende ferklearring te jaan. Krekt dat makket dizze 'oertekens fan it minskdom' sa nijsgjirrich.
DE LIBBENSFONK.
De seisstjer stiet yn ús wapens mar is ek oeral om ús hinne te sjen. As de dauwe oer de
fjilden leit en it sinneljocht skynt der oer, blinkt oeral de seisstjer. As der snie
fallen is of de beammen binne beripe: it binne űntelbere seisstjerren. As je in heilstien
trochsnije, docht bliken dat de struktuer in hexagram is.
De sinne tekenet, as je har simmer- en winterpunten oan de loft by middei en oan de
einder by opkomst en űndergong fęstlizze, in seisstjer oer elts plakje ierde. Gjin
wűnder dat de seispuntige stjer bij hast alle folken yn de ornamentale keunst foarkomt.
De âldste foarbylden fine we al yn de nije stientiid 8000 jier ferlyn yn Lyts-Azië en
Mesopotamië. De âldste betsjutting fan de seisstjer liket de sinne of it sinneljocht
te węzen of better: in fonkje fan it libbenskinkende sinneljocht.
De Grykse Pytagoreeërs beskôgen it getal seis as it getal fan de siele. De siele beskôgen hja as in libbensfonk út de godlike wrâld. By de Joaden is seis wer it getal fan de minske, want op de seisde dei is neffens Genesis I de minske skepen.
Utsoarte hawwe de Joaden de lęste desennia in protte neitocht oer it Hexagram dat hja 'It Skyld fan David' neame. Hoewol't de "Davidsstjer" al yn de âldheid yn Israël te finen is, wurdt it pas yn de fjirtjinde ieu, yn Midden-Europa, it symboal foar it âlde folk. Fanâlds wie de Menora, de sânearmige kandelaar harren wichtichste teken. Opboud út twa trijehoeken, seach men it as de ferieniging tusken wetter en fjoer, himel en ierde, God en minske. It misbrűk dat de Nazi's fan it teken makken troch it ta symboal te meitsjen fan de diskriminaasje en de ferneatiging fan it joadse folk hat der ta laat dat de de seisstjer as 'Davidsstjer' it nasjionale symboal fan Israël wurden is. Joadske útlizzers ferbine beide tekens mei elkoar troch de stjerren te ferklearjen as symboal fan it folk yn de ferstruiďng, net út te dwersten strieljend. It ljocht dat ienris as ien sânfâldich fjoer baarnde yn de timpel, is fersille rekke oer de hiele wrâld mar opstriele yn űntelbere fonken. Seisfâldich mei in űnsichtber sande, 'godlik', mulpunt.
DE POALSTJER.
No nei de seisstjer yn de Fryske wapens. Fansels binne de minsken dy't der in bewiis yn tinke te finen foar de teory dat ien fan de tsien ferdwűne stammen fan Israël him yn in skier ferline yn it leechlân oan de Noardsee ta wenjen set hat. Mei't de stjer as symboal fan Israël betreklik jong is, falt dizze útlis ôf.
Yn Súddútslân is de seisstjer in brouwersteken. 'Der Stern' fine je dan ek op in protte úthingbuorden fan herbergen en op fetten en fleskes bier. It gearfallen fan brouwersstjer en joadestjer hat yn de tritiger jierren yn Dútslân ta in aaklige diskusje laat dy't de útlis fan ús stjer ek wer besmodze. Op de measte bierfleskes stiet no it pentagram, de fiifstjer.
De útlizzers fan de 'leechlânske' seisstjer sjogge dy as teken fan rjocht. Famyljes dy't de seisstjer yn it wapen fierden, hiene it erflik rjocht as doarpsrjochter sitting te nimmen. Dat ferklearret de grutte populariteit fan it teken. De flierren fan ús âlde Fryske tsjerken binne dermei besiedde.
It symboal soe űntliend węze oan de skipfeart, yn ús streken net ferwűnderlik. Lyk in
skipper syn boat op koers hâldt troch acht te slaan op de stjerren, moatte de rjochters
mids de weagen fan emoasjes, foaroardielen en folkswoede nei in misdied harren rjochtsje
op it fęstleine rjocht; űnferoarlik as de stjerrehimel.
It meast fęste punt fan de stjerrehimel is de poal mei de poalstjer. Dęrby moat oantekene
wurde dat dy net altyd gearfalle. De poal makket in omgong fan 26.000 jier. Net altyd hat
deselde stjer poalstjer west en der wiene tiden dat de poal yn de leechte stie. Dat wie
bygelyks it gefal yn de tiid fan Job (Job 26:7).
Sűnt de lette midsieuwen is der wer in dúdlike poalstjer en yn 2095 sille himelpoal en poalstjer frijwol gearfalle.
De rjochters sprieken destiids harren fonnissen, spesjaal de deafonnissen, út, sjende nei it noarden. Dat wurdt faak útlein as 'sjende nei de deadlike, lege oarde'. Mei de symbolyk fan de poalstjer yn de efterholle kin men dit 'sprekken nei it noarden' ek ferstean as it wer yn harmony bringen fan de troch de misdied fersteurde oarder fan de mienskip mei de ivige oarder fan de kosmos. De galge stie op de galgefjilden op it noarden rjochte. Troch de deastraf like de oarder wer klear.
Is it ferwűnderlik dat yn Fryslân de ferkundigers fan de godlike oarder harren preek- stuollen rjochte hawwe nei it noarden? Yn in protte doarpen stiet de tsjerke mei it hôf, dęr't fanâlds rjocht sprutsen waard, op de noardkant fan it doarp.
No is dat net typysk Frysk. Ek de timpel yn Jerusalim lei noard fan de âlde sted (Psalm 48:3). De Kaaba yn Mekka is iepene nei it noarden en de Boeddisten beskôgen de poalstjer as de bekroaning fan de kosmyske beam. De Keizer fan Sina waard as de Poal fan it Ryk fan it Midden besongen.
Yn gesang 123 fan it âld gesangeboek stie it sa:
Yn it oarspronklike Hollânsk stiet der "Noordstar". As Noordster is it symboal foaral ferbűn mei It Bildt. De grutte mole, east fan Swarte Hoanne, droech dy namme krekt as de byhearrende polder. No hjit de kamping oan de Nije Bildtdyk 'de Noordster' en net te ferjitten: de Kristlike Skoalle fan Sint Anne. In Blauwe Seisstjer pronket op de eardappelkisten węrmei't de 'Bildtstar' set-ierappels oer hiel de wrâld geane.