It grûnflak fan it kuenstwurk, dat it begjin fan it Jabikspaad yn St. Jabik symboalisearet, is in rút. Gjin symboal is yn Fryslan sa husrym en tagelyk sa unbekind wat syn betsjutting oanbelanget, as de rút, offisiel de "rhombus" neamt. Der is hast gjin klassyk Fryske pleats of huzing, of it teken is wol earne oan te wizen. De klaai skuort by opdroegjen yn it rútpatroan iepen en alle frouljuswapens op de tsjerkeflierren yn Fryslan hawwe de rhombus-foarm. Ek yn de taal fan moderne logo's komt it werom.
Neffens it bibelboek Genesis hat God de mîns boetseare út klaai. Oan 'e Poarte fan 'e sulversmeden yn Santiago is op yndrukwekkende wize dizze foarming útbyld. Eltse mîns hat yn 'e memmeskurte syn foarm "boetseare" krigen. Op 'e wei nei Santiago wurdt 'e pylger oppenij boetseare nei it byld fan 'e nije Adam, dy't op 'e berch Thabor ferskynd is.
Poarte fan ' sulversmeden yn Santiago
Boppeoan: Kristus, it Wurd fan God en Leraar.
Yn 'e midden: God leit de leste han oan Adam.
Under: Kening David spilet op 'e harpe
DE MAMMUTTOSK.
De rútfoarm is ien fan de aldste symboalen fan it minskdom. Al yn de alde stientiid bylde de minsken it teken of op stien , bien of mammuttosken. De Rrussyske kinner fan de oertiid B.Ribakov neamt it "it aldste symboal fan libben en wolfeart yn de skiednis fan it minsklik tinken".
De rút of rhombe soe neffens him untliend weze oan it grunstruktuer fan it mammut-ivoar. Al is dizze teorie net wjersprútsen bliuwn, hy is nysgjirrich genoch om him hjir te neamen. De mammut wie foar de jagerfolken yn de iistiis de welle fan libben en woltier utsoarte.As men sa'n unbidige klompe fleis deade hie wie it feest. Alles krige syn gerak.Op de ivoaren goadinnebyldsjes ut dy tiid is de rútfoarm te sjen. Rútfoarm, jager en goadinne rekken sa mei elkoar ferbun. De rútfoarm bliuwde as symboal fan woltier bewarre en trochjun, ek doe't de mammuten opiten wiene, oan't hjoeddedei ta.
It rút waard it teken fan it goadepear fan de fruchtberens, fereare op hiel it Euro-aziatyske kontinent.Oarspronkelik wie it it teken fan de manlike helte fan it pear mar stadichoan waard it yn it westen as froulik teken ferstien. Yn it Easten bliuwde it in manlik teken ; In gelokssymboal, ferbun mei manlike fruchtberens. Trije rúten yn stjerfoarm foarmje it teken fan de machtige himelgod. Net tafallich keas de motorgigant Mitsubishi dit teken ta hannelsmerk! De Japanners hawwe hiel wat mear tsjuge fan de betsjutting en de wurking fan symboalen as wy westerlingen!
FRYSKE GOADEN.
Dochs bliuwde ek yn it westen de rútfoarm as manlik teken lang bewarre. Yn it sintrum fan it Monogram fan Karel de Greate tekene de keizer selts syn "husmerk":de rút of de "Ing". Op it ferneamde runebonkje fan Wynaam stiet de goadenamme Inguz mei ferskate rúten.
It goadepear fan de fruchtberens bliuwde yn it kustgebiet fan de Noardsee langer yn eare as yn sintraal Europa. De froulike helte hjitte Freya of Frowa "Frouwe" en de manlike Inguz-Freyer of Fro wat "Heare"betsjut. Tacitus neamde de kustfolken Ingwaeones "ofstammelingen fan Inguz"wierskynlik is hjirmei in kultusmienskip bedoeld. Dizze ierdegoaden waarden fereare by grefheuvels en wellen. Harren symboal wie de rút dy't as rune stiet foar de klank "ing". In klank dy't yn in protte Fryske skaainammen bewarre is. De goadenammen binne bewarre yn wurden as: frou, frijer, freed en Frjentsjer. Fro foar "Heare" is ferdwûn. Yn de âldste bibeloersettingen wurdt Jezus "Fro min" neamd ,yn de Ierske Evangeeljeboeken stiet Hy yn in rút- foarm ofbylde, mar dizze ynkulturaasje sette net troch: men wie, liket it, te bang foar de alde fruchtberheidsgod.
De rút waad it teken fan Memme Ierde , in froulik teken. De oarsprong fan dizze betsjutting is hiel mooi te sjen oan de waadskant, as it leechwetter is en de farske klaai opdroeget. De boppeste laach brekt en oeral wurdt de rútfoarm sichtber. De klaai, de jefte fan de see ,yn alle gefallen yn de eagen fan de Friezen, de beste bougrun fan de ierde en de grunslach fan de woltier fan lan en minsken.
Net allinne de farske klaai waard mei de rút ferbun ek yn de fekavelde ikkers en yn in gers seadde seach men it teken fan Memme-ierde werom. It "ing" teken yn syn ferskate foarmen fynt men werom yn Alle fryske doarpen en stedden, alle klassike pleatsen en huzingen drage it oeralde merkteken fan de heechste Lanfrouwe .Foaral yn de boppeljochten fan de doarren, yn de finsters fan de molkenkelders en as husmerk komme we it tsjin. Ien fan de moaiste foarbylden is it Marijemonogram op de sulveren foet fan it byld fan Us Leaffrou fan Sawnwalden yn Boalsert.
It tsjerkhof, it plak wer't de minske yn de skerte fan de ierde lein wurdt, hat yn guon doarpen de rútfoarm. It moaisten foarbyld is te finen yn Nes by Akkrum. Binnen de rútfoarm ferriist de hege alde kleasterterp, de deaden lizze eksakt mei de de fuotten nei it easten Op sa'n stee is it paleoliticum net fierwei.
IT FROUWESKYLD.
As teken yn de wapens is de rút yn Fryslan net folle brukt. It wurdt fierd troch de Walta's en is opnommen yn it skyld fan Menameradiel. As heraldysk teken stiet it foar grunbesit en is it in teken fan it rjocht. Ierde en rjocht hawwe in protte mei elkoar ut te stean. Hoefolle rjochtsaken gongen en geane net oer skeel om grunrjochten en it krekt offreedzjen fan lan? De sage fan de trettjin Asega's fertelt oer de seereis fan de Fryske rjochters dy't wegeren it Fryske rjocht op skrift te stellen.In trettjinde man bringt harren oan lan, stekt in seadde ut de grun en in wetterwelle untstiet. By dy welle skriuwe de asega's de Fryske wetten op.
Folle wichtiger is yn de kustlannen om de Noardsee de rút as grunfoarm fan it wapenskyld fan froulju. De is gjin tsjerke yn Fryslan mei alde greven of oeral binne de rútfoarmige frouwe skylden te sjen. Wij nimme oan dat soks gewoan is mar it sa kosekwint bruken fan de rút as frouljusskyld is utsunderlik. Yn de oare streken fan Europa binne oanaris allinne de skylden fan net troude froulju rútfoarmich, troude froulju hawwe ovale wapens. Allinne by us hawwe oan't yn de 18e ieuw alle frouljusskylden de rútfoarm. Yn en om it tsjerkje fan Friens is dy untjouwing goed te folgjen.
Ien fan de meast archaiske tekens fan it minskdom is sa fanof it aldste terpierdewurk oan't no yn de logo's fan hjoeddedei yn eare bliuwn. It is en bliuwt it teken fan de hope fan minsken op seine yn de meast elementaire saken fan it libben: Iten en drinken, rjocht en frede, leafde en fruchtberens.