In pylger yn pylgerhabijt

De pylgerútdossing

De stęf
 
As earste űnderdiel krijt de pylger de stęf. Dizze stęf wurdt troch in pryster segene omdat it in symboal is fan Gods behelpsume oanwęzichhyd. De pylger kin de stęf brűke bij it rinnen, de stevichhyd fan 'e groun hifkje, derop ręste en as ferdigeningswapen tsjin wylde bisten.
De klassike stôk wurdt bekroane troch in knop en hat boppe oan ien as twa ringen en in heak. Oan dizze heak hinget de fleskalabas wer't it wetter yn meinommen wurdt. 

De tas
 
As twadde űnderdiel dat segene wurdt krijt de pylger de tas. De tas is in symboal fan de hope. Hope foaral om űnderweis bôlle te krijen fan de mînsken. Yn de tas wurdt fierdersmeinommen: de sertifikaten en frijbrieven, "in skoatel bij de fles", in roazekrâns en meskien in stien om op de berch bij Crus de Ferro op 'e heap te goaien. Allinnich de stęf en de tas wurde segene. 

De mântel en de pelerine
 
Oer de űnderklean fan de aigen krite wurdt de grutte pylgermântel droegen mei oer de skouders de lytse mântel of pelerine fan lear. De grutte mântel tsjinnet ek as tekken, de lytse beskemt tsjin de rain. De mântel wie yn de Midsieuwen fel fan kleur, yn de nije tiid meast swart. 

De Pylgerhoed fan Stephen von Praun ut 1571 De pylgerhoed
 
As hoed draacht de pylger in filten hoed mei in brede râne, dy't oan de foarkant omheech stiet. Op de hoed binne bedefeartstekens fan de besochte hilliche plakken oanbrocht. 
De ôfbylding lit de Pylgerhoed fan Stephen von Praun út 1571 sjen mei Jabiksskulpen, Pylgerstefkes, Azabaches en Hoarntsjes.  

De skoan
 
De pylgers fan eartiids en no hechtsje tige oan goeie skoan. "Twa pear skoan sil er ha" seit in Dútsk pylgerlied. 

De symboalen
 
Op de hoed, op de pelerine en somtiden oan de stęf wurde de pylgertekens meifierd. De tekens fan de "Jacquets", de Jabikgongers binne: twa lytse krúste pylgerstaven mei deroer hinne de Jabiksskelp.