It pylgerkleed pylgerútdossing
De stjer De rút.
It grûnflak fan it kuenstwurk, dat it begjin fan it Jabikspaad yn Sint Jabik symbolisearret, is in rút. Gjin symboal is yn Fryslân sa húsrym en tagelyk sa ûnbekind wat syn betsjutting oanbelanget, as de rút, offisjeel de "rhombus" neamd. Der is hast gjin klassyk Fryske pleats of huzing, of it teken is wol earne oan te wizen. De klaai skuort by opdroegjen yn it rútpatroan iepen en alle frouljuswapens op de tsjerkeflierren yn Fryslân hawwe de rhombus-foarm. Ek yn de taal fan moderne logo's komt it werom.
It pylgerkleed is yn 'e rin fan de Midsieuwen fan it gewoane reiskostúm
wurden ta in werkenbere, beskermjende dracht. In frjemdling wurdt omfierrens
bedrige en wurdt as in bedriging beskôge. It pylgerhabyt,
"yn alle lannen oesa bekend", liket yn grutte halen op gelyksoartige drachten
yn India en Japan.
Lês fierder >>
Ek al wiist 'Compostela' werom nei 'grêffjild', yn de tradysje hat it de betsjutting fan: "Fjild fan de Stjer" krige. Yn tal fan teksten wurdt sprutsen oer de Stjer dy't de pylgers it paad wiist. Dy stjer wurdt fakentiids ferbûn mei Maria: "Stella Maris", Stjer fan de See.
De leginde fertelt dat Maria persoanlik Jakobus oantrune it paad nei it Finisterra te folgjen. De "Stjer" fan Compostela hat in wikseljend tal punten. By it Fryske Jabikspaad komt de seispuntige stjer it meast foar. Dy stjer wurdt de Liedsstjer of Noardstjer neamd.
Yn Jorwert stiet it romrofte kafee "Het wapen van Baarderadeel". De Gritenij hie eartiids twa rjochtsgebieten: Baard en Jorwert, dus twa Liedsstjerren.
Lês fjierder >>
De hulk
De hulk of kinkhoarn, yn it Hollânsk "wulk" neamd, is in skulp dy't geregeldwei by it Waad fûn wurdt. Op skulpepaden en grêven binne se ek te finen. De hulk is in rôfslak, it is de "wikel" ûnder de weakdieren en dêrom tige kwetsber foar it fersmoargjen fan it seewetter.
Fiskerlju blaasden op kinkhoarnen wannear't se fan 'e fiskfangst thús kamen. Pylgers namen se mei nei hûs ta en blaasden der op om de "tonger te brekken". Yn 'e Codex Callixtinus wurde hoarnfoarmige skulpen "de hoarnen fan Sint Jabik" neamd. Op guon Ingelske albasten Jakobusbylden sit op de klean fan de "soan fan de tonger" in rige hulken.
De hulk ferwiist nei de hoarnen dêr't de tritons op blaze op mythologyske en allegoaryske foarstellings fan de see. Yn 'e Hindoe-godstsjinst en yn it Boeddhisme is it lûd fan de tritonhoarn anneks mei it oerlûd fan de skepping.
Yn it Victoria en Albert Museum yn Londen wurdt in byld fan de hillige Jacobus as pylger bewarre mei op syn mantel in protte hulken. It byld is fan albast en is yn Ingelân ( Nottingham) makke yn 'e 15e ieu.
Lês fierder >>
De rútfoarm is ien fan de âldste symboalen fan it minskdom. Al yn de âlde stientiid bylden de minsken it teken ôf op stien , bien of mammoettosken. De Russyske kenner fan de oertiid B.Ribakov neamt it "it âldste symboal fan libben en wolfeart yn de skiednis fan it minsklik tinken".
Ien fan de meast archayske tekens fan it minskdom is fan it âldste terpierdewurk ôf oan't no ta yn de logo's fan hjoeddedei yn eare blean. It is en bliuwt it teken fan de hope fan minsken op seine yn de meast elemintêre saken fan it libben: iten en drinken, rjocht en frede, leafde en fruchtberens.
It ûleboerd
De foarm fan it ûleboerd, de makeler of stipel, mei de beide fûgels oan wjerskanten, liket út de santjinde ieu te stammen. De Grinslanners neame it trijehoekige boerd dat it dak ôfslút ek wol "de timpel". In klassike of in nij-klassike timpel of timpaan is fakentiids fersierd mei dûbele spiralen. Yn it barokke Fryslân wienen sokke dûbele spiralen rûnom te sjen yn hout, stien en izer. In peal mei twa spiralen is sa te beskôgjen as it oer-ûleboerd.
Yn 'e beam mei de twa fûgels ferskynde op 'e skuorren ien fan de húsriemste symboalen fan Eurazië: de libbensbeam mei de twa behoeders, fanâlds mem ierde mei har beskermers. In byld dat wy ek kenne fan de merklapen en dat op âlde weefsels, bygelyks om reliken hinne, hiel goed nei Fryslân komme koe. Grif wie it byld fan de âldste tiden ôf hjir al bekend.
Op symboalyske wize kinne je yn de swannen boer en de boerinne werjûn sjen, tegearre op de pleats noed steande foar de " libbensbeam": it harren tabetroude libben fan de minsken, de bisten en de planten.
Lês fierder >>
De Jabiksskulp
De grutte mantel- of Jabiksskulp is in byld fan de wachtsjende memmeskurte, fan de siel dy't him iepen set foar it nije. Sa is de pylger ek ûnderweis, iepen foar de kostbere jeften dy't er krije sil.
Guon pylgers geane op 'en paad om in pynlike ûnderfining te ferwurkjen. Troch de petearen en alles wat se ûnderweis belibje, wurdt de pine draachlik. As se it fertriet ferwurke hawwe, drage se yn 'e skulp in ûnsichtbere kostbere pearel.
De Molkwei
De sinne en har planeten, dêr't de ierde ien fan is, meitsje diel út fan ien fan de mannichte fan molkweistelsels dy't der is. De Molkwei rint, sa't it liket, by de himel lâns en beskriuwt yn in jier in eigen baan. Yn 'e Germaanske mythology wie de Molkwei ûntstien troch de molke dy't út Aidhumla, de oerko, weirûn wie.
By hast alle folken fan 'e wrâld is it stjerrebyld anneks mei in wei. Dêrnjonken sjocht men dêr de stamme fan de kosmyske beam yn; beide bylden wurde ek mei-inoar ferbûn. De Molkwei wurdt dan de wei dy't ûnderskate wrâlden mei-inoar ferbynt.
Minsken en bisten hawwe har troch de tiden hinne altyd op 'e Molkwei oriïntearre om har rjochting te beskieden. In âld Sweedsk mearke lit de bisten fia in slakkespoar it goede paad fine. Sa wurdt ús hulk ferbûn mei de himelske wei.
By't simmer rint middernachts de Molkwei fan it Noardeasten nei it Súdwesten. De Codex Turpinus, dy't nei alle gedachten om 1100 hinne yn Saint Denis by Parys skreaun is, ferbynt de ierdske rûte mei de himelske stjerrewei: "fan de Fryske See nei de Oseaan" by Galisië.
De ienhoarn
De iennichste wize dêr't in ienhoarn nuet op makke wurde koe, wie troch him lokje te litten troch in jongfaam. De ienhoarn koe de swietrook fan fammen net wjerstean. Dy spesjale bân tusken jongfaam en ienhoarn makket him ta symboal fan de suvere berte fan Jezus út Marije en fan de minskwurding fan it Wurd.
Yn 'e tsjerken fan Jorwert en Friens en yn it wapen fan Menameradiel steane de ienhoarnen prominint ôfbylde.
De roas
Oan ús pylgerpaad binne wite roazen te sjen yn 'e Van Sytzama's wapens yn Friens en reade roazen yn 'e wapens op it Van Eysingaskyld oan it poartsje fan Raard. Yn it houtsnijwurk yn 'e Raarder tsjerke sitte in soad roazen. Yn 'e âlde gritenijwapens fan Frentsjeradiel en Hinnaarderadiel en yn it nije wapen fan Littenseradiel sitte reade roazen. Yn 'e heraldyk is de roas it symboal fan de fruchtbere, bloeiende ierde.
It klaverblêd
It klaverblêd tsjut op lânbesit en is dêrom werom te finen yn boerewapens. Yn 'e kristlike symbolyk is it in teken fan de Hillige Trijefâldichheid: Heit, Soan en Hillige Geast. Dy betsjutting soe weromgean op Sint Patrick fan Ierlân. It klaverblêd fjouwer is in gelokssymboal, it klaverblêd trije is it symboal fan dimmenens, oprjochtens, "in suver herte" en fan de hope. In soad ûlebuorden wurde bekroane troch it klaverblêd en tsjut op lânbesit; it is teffens in earbetoan oan 'e Triniteit.
De brêge
Brêgen binne wichtige skeakels yn it ferkear. Wêr't in brêge boud wurdt, wurde kontakten lein. Tagelyk binne brêgen gauris grinzen. Sa is de Dillebrêge oer de Swette by Easterwierrum de âlde grins tusken Eastergoa en Westergoa en binne de brêgen oer de Tsjonger de alâlde grinzen tusken it Fryske en Saksyske Frisia.
It bouwen fan brêgen, spesjaal fan brêgen foar pylgers, waard beskôge as in tige goed wurk. De pylgers troch ús wetterlân moatte gauris oer in brêge.