Jacobus de Meerdere De wiere Jabik
 
It is mei de ferskillende Jabik's in tizeboel. As je net sa bibelfêst binne, falt it ôf it ûnderskie te witten tusken (1) Jakob, de broer fan Ezau, (2) Jakobus, de soan fan Sebedeus, (3) Jakobus, de soan fan Alfeus, beide Apostels fan Jezus en (4) Jakobus, de "Broer fan de Hear", de earste oerste fan de tsjerke fan Jeruzalem. Ien fan harren hat ek noch de "Brief fan Jakobus" skreaun.
Foar de midsieuske minske wie de earste Jakob de Aldfaar en de oare trije waarden as twa beskôge. Hja waarden ûnderskieden as Jabik de Alde en de Jonge Jabik of de Grutte en de Lytse, Major en Minor yn it Latyn.
(Sjoch foar ôfbyldings fan de Wiere Jabik de "Jabikgalery" >>).
Jakobus Major (nûmmer 2)wie de ferneamde pylgerhillige en broer fan Johannes; "Jakobus Minor" en de "Broer fan de Hear" (3 en 4) waarden as ien en deselde beskôge.
Meast seach men dizze Jakobus, de "Broer fan de Hear" - yn neifolging fan Hiëronymus - as de Briefskriuwer. Yn de Goddelike Kommeedzje fan Dante wurdt de Pylger wer as de skriuwer fan de brief beskôge. Gjin wûnder dat de Hollanners muoite hawwe mei it finen fan "De Ware Jakob"!
 
Lês fierder >>
 

Karel de Grote Jakobus yn Fryslân
 
Der binne yn Fryslân in protte ferwizings nei de apostel Jakobus. Ljouwert hat syn Sint Jabikstrjitte, Frentsjer hat om St. Jabiksdei hinne de beroemde keatspartij "de PC", de grutte klok yn 'e toer fan Wommels wurdt Sint Jakobus de Grutte neamd en Bolsert hat krekt as de measte hanzestêden yn 'e tsjerke in altaar wijd oan Jakobus.
Yn 'e Fryske frijheidstradysje spilet Karel de Grutte in sintrale rol. Neffens de midsieuske opfetting hiene Willibrord en Karel de Grutte de Friezen befrijd út 'e macht fan de Denen mei har heidensk leauwe. In wichtich barren wie it fêstlizzen fan de âlde Fryske wetten. Oan doe ta wie de kultuer mûnling trochjûn.
By de rjochtspraak spilen asega's - "sprekkers fan it rjocht" - in grutte rol. Karel de Grutte twong harren om de wetten op skrift te stellen yn de "Lex Frisionum". Yn de tolfde ieu waard Karel yn Aken en Saint Denis mei Jakobus ferbûn. Jakobus waard de himelske garant foar de Karolingyske idealen.
Yn Fryslân waard de Fryske Frijheid yn 'e mytyske skiednis ek mei de Apostel fan Karel ferbûn. Yn Frjentsjer yn Westergoa waarden Karel en Jakobus njonken-inoar fereare.
Frjentsjer krige sels it rjocht om simmers 15 dagen lang de Oflaat fan Santiago te ferlienen. Op 'e Jabiksmerk, dy't dêr anneks mei wie, mochten ek, mei in frijbrief, misdiedigers komme. Nei de reformaasje bleau de Jabiksmerk as "Frentsjerter Merke" oan hjoed de dei ta bestean.
In kronyk út likernôch 1124 ferhellet dat Karel de Grutte yn in dream in wei fan stjerren - de Molkwei - by de himel lâns seach. Dy begûn by de Fryske See - de Noardsee -, rûn mei in grutte bôge oer hiel Europa hinne en einige yn Galisië.
Jakobus ferskynde him en ûnthjitte him: "Oan 'e ein fan de tiden ta sille pylgers fan see nei see tsjen".
 

"Mar in skoftsje letter seach er oan 'e himel in glâns fan stjerren,
dy't begûn by de Fryske See en oer Dútslân en Itaalje,
tusken Gallië en Akwitanië troch, streekrjocht oer Gaskonje,
Baskelân, Navarra en Spanje hinne, nei Galisië bôge,
dêr't it lichem fan de sillige Jakobus, doetiids ûnbekend en yn it ferhoalene lei."
 
en efkes fierder:
 
"De glâns fan de stjerren, dy't jo oan 'e himel sjoen hawwe, betsjut:
fan no ôf oan sille jo mei in grutte hearskaar nei Galisië ta tsjen
om it ûnleauwige Moarefolk te ferslaan en myn wei en lân te befrijen
en de basilyk en myn sarkofaach te besykjen.
En nei jo sille alle folken fan de see dêr pylgertochten hinne meitsje,
om fan de Hear ferjouwing fan har sûnden te krijen.
Hja sille ferhelje fan de lof fan de Hear en Syn goedgeunstigens.
Fan de tiid ôf dat jo libje oan 'e ein fan de tiden ta sille hja dêr hinne tsjen."
 
lês fierder >> (Hollâns)

 
Swarte Haan, "Initia terra"
 
De 'Slikwerker' op Zwarte Haan Doe't Friezen en Hollanners om 1500 hinne in nij doarpke oan 'e "Fryske See" op it krekt bedike Bilt stiften, waard it tsjerkje wijd oan Sint Jakobus; in pear desennia letter waard it doarp Sint Jabik neamd.
As tsjinhinger fan Finisterra - de ein fan 'e wrâld - sa'n tritich kilometer fan Santiago de Compostela ôf, leit sa'n fiif kilometer boppe Sint Jabik oan it Waad: Swarte Haan, letterlik en figuerlik "it begjin fan 'e wrâld"........
 
Pylgers, ûnderweis nei Swarte Haan kinne it net litte en ferbyn de hoanne mei dy fereale kastlainsdochter fan Santo Domingo........
 
Lês fierder >>