STIFTING JABIKSPAAD FRYSLÂN De Stifting Jabikspaad Fryslân hat ta doel it ta stân bringen en it yn stân hâlden fan it Europeesk netwurk fan histoaryske pylgerpaden nei Santiago de Compostela, foar safier dat paad op it grűngebiet fan de regio Fryslân fan it Nederlâns Genoatskip fan Sint Jabik leit (art. 2). Ta útfiering fan dy doelstelling is op 12 maaie 2000 it Jabikspaad, dat fan Sint Jabik nei Hasselt rint, iepene troch Steatssiktaris frou Geke Faber. De rűte wurdt mei hulken (skulpen) oanjűn en fan it paad is yn gearwurking mei it Noard-Nederlâns Buro foar Toerisme in gids útjűn. Op ferskate wizen wurdt mear bekendheid oan it Jabikspaad jűn. Bestjoersgearstalling: It bestjoer fan de stifting Jabikspaad Fryslân is ű.m. gearstâld út fertsjintwurdigers fan de Ried fan de Fryske Beweging, it Nederlâns Genoatskip fan Sint Jabik regio Fryslân, NIVON Natoerfreonen Nederlân, Pleatslik Belang Sint Jabik en de gemeente it Bildt. It bestjoer bestiet út de folgjende persoanen: Wiep Koehoorn (foarsitter) Hans de Jong (skriuwer) Klaske Wijbenga (skathâlder) Janneke Schievink Peet Luehof Jan R. van der Wal Aukje Veninga Elly Koopman |