De Kathedraal yn Santiago de Compostela

Eftergrûn en histoarje

 
Ynhâld:   De earste kulturele Europeeske rûte.
                 Codex Turpinus
                 Doel fan de pylgers nei Sint Jabik
                 De wiere Jabik
 
 
De earste kulturele Europeeske rûte
 

Om it jier 1000 hinne wie Europa in lapketekken fan folken en talen. De ûnderskate stammen seagen inoar as konkurrinten yn 'e striid om 'e lânbougebieten. Elts folk achte himsels superieur oan 'e oare stammen. Oarloggen en skelen behearsken it libben. It Ryk fan Karel de Grutte om 800 hinne wie in earste oanset ta passifikaasje, mar de wei nei it iene Europa soe noch hiel lang wêze. De figuer fan Karel de Grutte is ieuwenlang it symboal bleaun fan de frede dêr't nei útsjoen waard.
De rûte fan 'e 'molkwei' troch Europa Ien fan de middels om de Europeeske ienheid en de ferbûnens fan de folken en kultueren te befoarderjen, wie de pylgertocht nei Compostela. De pylgers, út alle dielen fan Europa ûnderweis nei it hillichdom yn Spanje, symboalisearren de Europeanen dy't har mei-inoar ynsetten foar it iene doel: in woltierich en fredeleafjend wrâlddiel. In doel dat noch "yn 'e fierte" lei. Yn alle gruttere Europeeske stêden, ek yn Ljouwert en Harns, wiisden de Jabiksstrjitten de rjochting oan fan de stêd "op it fjild fan de stjer".
De Europeeske Mienskip hat dêrom de Jabikswegen útroppen ta de earste Kulturele Rûte fan Europa en stimulearret de ûntjouwing dêrfan. It Genoatskip fan Sint Jabik yn Fryslân wurket yn 'e mande mei oare organisaasjes oan 'e ferbining fan ús Jabikspaad mei it Europeesk stelsel fan pylgerwegen.
De ierdske wei wjerspegele him yn 'e loft: yn 'e simmernachten wiist de Molkwei oan 'e himel de wei nei Finisterra, "de ein fan 'e wrâld".
In kronyk út 1100 ferhellet dat Karel de Grutte yn in dream in wei fan stjerren by de himel lâns seach. Dy begûn by de Fryske See - de Noardsee - en rûn mei in grutte bôge oer hiel Europa hinne oan Galisië ta. Jakobus ferskynde him en ûnthjitte him: "Oan 'e ein fan de tiden ta sille pylgers fan see nei see gean". Doe't de Friezen en Hollanners om 1500 hinne in nij doarpke oan 'e "Fryske See" stiften, neamden se dat "Sint Jacobiparochie"; dat hjit no yn ús eigen talen "Sint Jabik".
Yn 'e Islam is de Molkwei anneks mei de pylgerreis nei Mekka. Yn 'e winternachten wiist de Molkwei boppe ús Jabikspaad de Islamityske Friezen de goede rjochting oan. Sa kin ús Jabikspaad in byld bliuwe fan in bûnt en fredich Europa.

(Sjoch ek "De melkweg" >>)  
CODEX TURPINUS
(1150)
 
Nadat hij een groot aantal rijken uit de macht van de
Saracenen had gescheurd
besloot Karel de Grote, oververmoeid door de zware
inspanning en grote moeite,
niet langer oorlog te voeren
maar zichzelf rust te gunnen.
Maar kort daarna zag hij aan de hemel
een gloed van sterren.
deze begon bij de Friese Zee,
neeg naar Duitsland en Italië,
en voerde tussen Gallië en Aquitanië door,
regelrecht door Gascogne,
Baskenland, Navarra en Spanje, naar Galicië,
waar het lichaam van de zalige Jacobus,
toentertijd onbekend, verborgen lag.
Toen Karel nachten achtereen die gloed waarnam,
begon hij zich steeds vaker af te vragen,
wat deze toch wel te betekenen had..
Terwijl hij deze zaken ernstig overdacht
verscheen hem in een visioen een hemelse held.
De verschijning vroeg hem: "Hoe vaart gij?"
Karel antwoordde "Wie zijt Gij Heer?"
Ik ben -zei de ander- de Apostel Jacobus,
een leerling van Christus,
Ik ben een zoon van Zebedeus
en een broer van Johannes de Evangelist. (....)
Ik maak u bekend:
De Heer heeft u uitgekozen mijn weg te slechten
en mijn land te bevrijden uit de macht van de Moabiten.
De gloed van sterren die gij aan de hemel hebt gezien betekent dit:
Gij zult met een groot leger naar Galicië trekken
om de heidenen te verslaan,
mijn weg en mijn land te bevrijden en de basiliek
en mijn sarcofaag te bezoeken.
En na u zullen alle volkeren van zee tot zee
daarheen pelgrimstochten maken,
om van de Heer vergeving van zonden te ontvangen.
 
Zij zullen de lof van de Heer verkondigen
om zijn gunstbewijzen en om de wonderen die Hij heeft verricht.
Vanaf uw levenstijd, tot aan het einde van deze wereldtijd,
zullen zij gaan.

 
Doel fan de pylgers nei Sint Jabik
 
De Hillige Jabik yn de Pórtico de la Gloria Njonken de doelen dy't al neamd binne: it ferienjen fan de folken fan Europa en it opnij kerstenjen fan Spanje, kin noch in tal oare doelen neamd wurde.
Yn 'e earste bloeitiid fan de pylgertochten (1000-1100) hie de wei benammen in spiritueel doel: it ynwijen yn 'e lear fan it kristendom; in kuierjende kategeze, in syktocht nei God.
Boppe de westpoarte fan de katedraal fan Compostela wie neffens Almery Capot, de skriuwer fan de earste gids, de ferhearliking fan Jezus op 'e berch Thabor te sjen. De beafeart koe beskôge wurde as it beklimmen fan de hillige berch om dêr God te moetsjen. De feestdei fan Sint Jabik, 25 july, is ek nei oan it feest fan Kristus "Salvator" op 'e Thaborberch: 6 augustus. Benammen eallju en geastliken makken de pylgertocht nei Compostela.
Yn it twadde bloeitiidrek (1400-1500) wie de beafeart yn it foarste plak in boetebeafeart. Frâl nei swiere misdriuwen waarden misdiedigers nei it grêf fan de "Soan fan de Tonger" yn Galisië tastjoerd. De earste Nederlânske boetepylger wie de falskemunter Asing, dy't troch Freark fan Hallum om 1150 hinne út Mariëngaarde wei op 'en paad stjoerd waard nei Jeruzalem, Rome en Santiago. De beafeart nei Santiago waard no in "kuierjende reklassearring" en sadwaande minder elitêr: "everymans pilgrimage". Yn 'e sechstjinde en santjinde ieu krige de beafeart in negatyf imago: "jacqueterie" stie foar strûkrôverij. It pylgerkleed ferwaard ta boeve- en piratepak.
Yn 'e baroktiid en de romantyk wie de pylgertocht anneks mei it suvere libben. "Werom nei de natoer", werom nei de simpele libbensfoarmen en it bernlike leauwe.
It opbloeien fan de pylgertocht yn ús tiid is in fuortsetting fan it romantysk belibjen fan de tocht. It katolyk-kristlike is noch mear nei de eftergrûn rekke. De pylgertocht wurdt beskôge as in yngeande wei fan libjen: tichteby it lichem, tichteby de natoer. Libbenswei en pylgerwei binne ferfrissele.
De pylgertocht nei Santiago de Compostela wurdt ek makke as oergongsrite: fan studintetiid nei beropslibben, fan beropslibben nei pensjonearring of nei in yngripende ûnderfining fan bygelyks sykte of skieding. De pylgerstêf wurdt opnommen om ta in nije libbensoriïntaasje te kommen.
 
(Sjoch ek kleasterleginden >>).
 
 
De wiere Jabik
 
Sant-Yago betsjut Sint Jabik. It giet hjir yn earste ynstânsje om Jakobus, de broer fan Johannes, ien fan de learlingen fan Jezus fan Nazareth.
Jakobus wie de soan fan Sebedeus en Salome. Om harren fel karakter neamde Jezus de bruorren "Boanerges", dat "soannen fan de tonger" betsjut. De learlingen Jakobus, Johannes en Petrus wiene Jezus it neist. Se wiene by Him op 'e wichtichste mominten fan syn libben, lykas op 'e berch Thabor en yn it Hôf fan 'e Oliven. Tsien jier nei de ein fan Jezus syn ierdske wei is Jakobus troch kening Herodes mei it swurd ombrocht.
 
De Spaanske leginde ferhellet dat Jakobus nei de ferrizenis fan Jezus de sindingsopdracht om nei de útein fan de wrâld te gean, sa letterlik opfette, dat er nei Finisterra (de útein fan 'e wrâld) yn Galisië teach. Syn preekjen soe net safolle fertuten dien ha en dêrom gie Jakobus teloarsteld werom nei Jeruzalem. Dêr soed er yn fel dispút rekke wêze mei Hemogenes (de soan fan Hermes). Kening Herodes liet him deadzje en dêrnei brochten syn learlingen syn lichem mei in skip nei Galisië ta. Syn grêf yn Spanje soe oan 'e achtste ieu ta fergetten wêze.
In stjer wiisde it grêf oan en sa ûntstie de beafeartsoarde "Sint Jabik op it fjild fan de stjer" (oarspronklik "op it grêffjild"). De feestdei fan Jakobus de Aldere of de Meardere is 25 july.
 
Neffens de evangeeljes hie Jezus noch in twadde Jakobus as learling: Jakobus, soan fan Alfeus. Om se útinoar hâlde te kinnen, wurdt dy "de Mindere" neamd. Yn 'e tsjerklike tradysje wie hy de meast keine apostel. De earste maaie, de dei fan de seksuële útspattings, is dêrom ek oan him wijd. Hy hat de knots fan de wyldemannen, foar wa't hy yn it plak kommen is, yn 'e hân.
Dêrnjonken binne der ek noch "de broer fan de Hear", de earste lieder fan de tsjerke fan Jeruzalem, skriuwer fan de tige sosjale Jakobusbrief en Jakob, de broer fan Ezau, ien fan de trije aartsfaders, dy't yn 'e Toara "de swalkjende Arameeër" neamd wurdt. Ek dy meast oarspronklike Jakob hat mei rjocht en reden de namme fan "Pylger" krigen.
 
(Sjoch ek "De wiere Jabik" >>)