Al de fyfte druk fan de gids "Het jabikspaad" yn 'e winkel!
Ek de fierde druk fan de gids "Het Jabikspaad, wandel- en fietsroute van Sint-Jacobiparochie (Frl.) naar Hasselt (Ov.)" wie útferkocht. Yn gearwurking mei de Friese Pers Boekerij te Ljouwert is in fyfte druk ferskynd. De rûte-ynformaasje is oanpast oan 'e lêste stân fan saken en de ynformaasje yn 'e gids is noch wer fierder útwreide.
It Jabikspaad begjint mei de skiednis fan de allerearste boeteling die't fanút Fryslân op pylgertocht stjoerd waard. It Jabikspaad is in op himsels steande rûte, mar kin foar jo ek it begjin wêze op wei nei Santiago de Compostela. Foar fytsers binne it 120 km, foar de kuierders sa'n 20 km. mear.
De rûte is, ta ûndersteuning fan beskriuwing en kaart, yn it fjild oanjûn mei in blauw fjouwerkant wer't in giele hulk op projekteare is. De kuier- en fytsrûte binne sawol yn noard-súd as yn súd-noard-rjochting beskreaun en beweiwizere.