Op it Jabikspaad is der wat floara en fauna oanbelanget in soad te genietsjen. In priuwke fan al dat moais litte wy hjir sjen. It plak dêr't de neamde planten en fûgels te finen binne, stiet yn de gids "Het jabikspaad".

(Wolle jo de ôfbylding wat grutter hawwe, klik dan op 'e "thumbnail")


De aronstsjelk De aronstsjelk
 
Op sinnige maitiidsdagen bloeie by in soad bûtenpleatsen, hearehuzen en âlde boerepleatsen tûzenen krokussen, ayttablomkes, snieklokjes en wylde tulpen. Dy floara wurdt "stinzefloara" neamd. Stins komt fan "stiennen hûs". De eardere eigners wiene begoedige lju en namen op har fiere reizen blombollen mei nei hûs ta om dêr har eigen tunen mei op te fleurjen.
In bysûndere plant mei syn oranje fruchtlichems is de Italiaanske aronstsjelk.
 
De wylde tulp De wylde tulp
 
De wylde tulp komt yn Súd- en Súdeast-Europa yn it wyld foar en is by ús in stinzeplant. De rokige giele blommen skine oan 'e bûtenkant út 'en grienens en steane yn april en maaie yn bloei. Bytiden sitte der twa blommen oan ien stâle, dy't sa'n 20 oant 40 sintimeter heech is.
 
It piipkrûd It piipkrûd
 
Yn 'e maitiid binne foar in grut part de berms fan it Jabikspaad oan wjerskanten bedutsen mei in wite tekken fan it skermblommige piipkrûd.
 
Giele annemoan Giele anemoan (Anemone ranunculoides)
 
Ien fan 'e meast seldsume stinzeplanten is de giele anemoan. Ôfkomstig út Midden-Europa, hat dizze plant in plakje fûn yn de kastieltúnen en ek yn 'e "stinsetúnen" yn Fryslân.
Op it Jabikspaad fine wy it plantsje yn 'e tún fan Martenastate yn Koarnjum en by it Martenahûs yn Frentsjer. De giele anemoan bloeit yn 'e iere maaitiid.
 
Giele plomp De giele plomp
 
Yn sleatten en petgatten fan ûnder oare de Weerribben groeit de giele plomp. In prachtige blom mei grutte, hertfoarmige driuwende blêden. As de giele plomp 'tbloeid is, ûnsteane grutte griene sieddoazen, dy't troch it wetter ferspraat wurde en iepen barste. Wêr't de giele plomp stiet, is ornaris ek de swanneblom (wite wetterleelje) te finen.
 
Haarlimmer klokkespul It Haarlimmer klokkespul
 
In moaie stinzeplant is it Haarlimmer klokkespul, de folde foarm fan de knol-stienbrek.
Ut'e "Encyclopedie van Friesland" nimme wy it folgjende oer:
"STINSFLORA. Planten, niet tot de inheemse Friese flora behorend, maar alleen aangetroffen bij voormalige stinsen, oude boerderijen, op kerkhoven, in tuinen van oude pastorieën. Hoewel men ook buiten Friesland op zulke plaatsen een dergelijke flora wel aantreft (Fraeylamaborg bij Slochteren, kasteelbossen in de Betuwe), valt het aantal vindplaatsen en soorten in Friesland op. De naam 'stinsplanten' is waarschijnlijk door J. Botke voor het eerst gebruikt. Zeker is dat ze hier door menselijke bemiddeling zijn terechtgekomen."
 
It wûnbledsje It wûnbledsje
 
Dit bledsje komt net allinne yn 'e geatún by de noardlike yngong fan Ljouwert en binnen it stek fan it geologysk monumint yn Heetveld (Oerisel) foar, mar ek bewesten Easterbierrum en yn 'e berm fan de Slachte. Wûnbeldsjes wurde ek wol "Jabikskrûd" neamd en wie in genêskrûd tsjin diarree: "Inula disenterica".

 
De Jabikskrúswoartel De Jabikskrúswoartel
 
Wat de namme oanbelanget is de Jabikskrúswoartel de meast opfallende plant oan it Jabikspaad. Yn guon berms fan de Slachte is er ek te finen.
 
It duitblêd It duitblêd
 
Yn sleatten dy't wat yn 'e lijte lizze, groeit it duitblêd, mei de woartels yn 'e modder. De blêden, dy't de foarm hawwe fan nieren, driuwe op it wetter. De Wite blomkes hawwe trije bledsjes om in giel hertsje hinne, mei fan ûnderen noch trije dekbledsjes.
Yn fean- en sompegebieten is it duitblêd frij algemien, as it wetter net al te folle fersmoarge is.
 
De ljippeblom De ljippeblom
 
Yn 'e uterwaarden fan de Swarte Mar en it Swarte Wetter groeie de ljippeblom, djerreblom, gouden bûterblom, grutte liuweprint en de grutte pimpernel.  
 
De koekoeksblom De koekoeksblom
 
Yn 'e hea- en feanlannen is de koekoeksblom te finen. De namme slacht op it tagelyk ferskinen fan de blom en de koekoek. Holders en sweefmiggen sykje op dy blom om nektar.
De echte koekoeksblom (sjoch ôfbylding), de reade keokoeksblom en de juffer Lizeblom binne aparte soarten, mar der komme ek wol mingde neikommelingen (krusings) foar.  
De ielstikel De ielstikel
 
De ielstikel liket op in keameraloë, mar is der hielendal gjin famylje fan. Syn griene rozetten yn 'e modder op 'e boaiems fan dobben, brekken en oare stille wetters. As it rozet begjint te bleoien, driuwt it nei it oerflak, dêr't de punten fan de blêden dan ta it wetter útstekke.
 
It skieppe-ear It skieppe-ear
 
It skiepper-ear is de kwelderplant by útstek. ein july, begjin augustus binne de kwelders pears en lila fan it bloeiende skieppe-ear. Dy plant is frij algemien yn it deltagebiet, op 'e Waaseilannen en op in pear plakken by de Waadkust lâns. Oan 'e Fryske kust wurdt ek skieppe-ear fûn.
 
De tuorrebout De tuorrebout
 
Gauris sille jo ûnderweis yn 'e sleatswâl de tuorrebout stean sjen. Benammen yn 'e hjerst is dy wetterplant mei syn donkerbrune "sigaren" in dekorative plant. Op 'e foto is de lytse tuorrebout te sjen.
 
 
It hantsjekrûd It hantsjekrûd
 
It beskerme hantsjekrûd groeit benammen yn it westen en midden fan Nederlân en is yn de rest fan it lân seldsum of tige seldsum. De plant hat foarkar foar wiete feangrûn, humusrike sângrûn en lichte klaaigrûn. It hantsjekrûd is minder gefoelich foar soere rein as syn soargenoaten, mar bliuwt tige kwetsber.  
 
De grutte liuweprint De grutte liuweprint
 
Yn 'e uterwaarden fan de Swarte Mar en it Swarte Wetter groeie ljippeblom, djerreblommen, gouden bûterblom, grutte liuweprint en grutte pimpernel.
Yn é symbolyk fan de pylgerwegen is yn 't blêd fan 'e grutte liuweprint "de Jabiksskulp fan it planteryk"te sjen. de daudrip dy't der moarns op leit te glinsterjen, bringt jin de kostbere pearel, dy't de echte pylger hopet te finen, yn 't sin.
 
De swanneblom De swanneblom
 
Yn stilsteand wetter fan petten en sleatten groeit en bloeit de swanneblom (wite wetterleelje) meatal yn espeltsjes by-inoar. De grutte rûne blêden driuwe op it wetter en de prachtige wite blom falt eltsenien op. Ek ûnder wetter kin de plant blêden hawwe, mar dan binne se oprôle.
Gaurus wurdt de swanneblom beselskippe troch de giele plomp. Bijen en miggen kinne de blom wol fine en op 'e blêden sitte allerhanne ynsekten dy't spitigernôch blêd en blom gauris oanfretten.
 
De see-aster De see-aster
 
De see-aster is in plant fan de sâlte en brekke grûn. Benammen op slikerige kwelders kin de plant massaal foarkomme. Ek binnendyks kin er yn sleatswallen te finen wêze.
Op it oanslikke lân by Swarte Hoarne wurdt de see-aster yn 'e bloeitiid (lette simmer en hjerst) mansheech.
See-asters wurde yngeand beflein troch ynsekten, werûnder bijen.
 
Fûgels ûnderweis
 
 

De blauboarst De blauboarst
 
De blauwboarst is sawat like grut as in mosk. Hy is benammen te finen yn sommige streken mei tichte strewellen. By't winterdei stekt de blauboarst ôf nei Afrika.
Hy heart net ta de soarten dy't bedrige wurde. Krektoarsom: de lêste tiid giet it sels better as ea.
 

De blaustirns De blaustirns
 
De blaustirns is lytser as de wytstirns. Blaustirnzen binne fûgels fan it ûndjippe, swiete of brekke somplân en wetter. Se briede yn somplân en slykfjilden, ;eafst mei ielstiekls en op eilantsjes fan planteresten. Yn 'e briedtiid ite se frâl grutte ynsekten. Dêrnjonken ek wringedieren en fisk. Se briede yn koloanjes en hawwe gjin territoarium. It binne trekfûgels, dy't de winter trochbringe oan 'e kust fan tropysk West-Afrika.
 

De wylde ein De wylde ein
 
Rûnom yn sleatten, fearten en marren is de wylde ein te finen. Komt men him te nei, dan wurdt er tige kjel en fljocht lûd kweakjende en wyld mei de wjukken slaande fuort. Se Nestelje op allerhanne plakken, sels yn einekuorren.
It mantsje (de jerk) kinne jo der út troch syn glânzgjendgriene kop. It wyfke hat brune kleuren.
 

De ekster De ekster
 
De ekster kin men rûnom tsjinkomme en mei syn sketterjende rop (kekkerêkêk) heart it wol of skelt er de minsken út.
Hy rôvet aaien en bytiden jonge fûgels út oare nêsten en dêrom is men yn guon kontreien ek net sa wiis mei him. Boppe-yn de beammen makket er stevige nêsten fan tûken.
De ekster is famylje fan de krie en is mei syn swarte, donkerblauwe en donkergriene fearrepak mei in wite búk en lange sturt in maklik te werkennen fûgel. It is in opfallende fûgel dy't hieltyd lytse eintsjes fljocht. Hy yt ynsekten, aaien, jonge fûgels, mar ek beien en sied.
 

De fasant De fasant
 
Yn grutte is it liif fan 'e fasant te fergelikjen mei dat fan in krie.
De fazant bringt as lûd in metaaleftige rigele raue kreten út en is meast te finen op iepen plakken yn 'e bosken, tusken strewelleguod en yn it iepen fjild op boulannen.
 

Blesguozzen De goes
 
Der binne frijwat soarten guozzen: skiere goes (grauwe gans), blesgoes (kolgans), wink (rietgans). De skiere goes komt yn ús lân it measte foar. Mei de trek fleane se yn V-foarm en roppe sa: gak-gak.
Har foer fine se tusken de bizen, op 'e greide en bou. Dat noasket de boeren mar min. De skiere goes is frâl in wintergast en komt hjir foar op it Iselmar, yn 'e Flevopolder en yn wetterstreken mei greide en boulân.
 

De grutte bûntspecht De grutte bûntspecht
 
De roffel fan de grutte bûntspecht duorret likernôch in tel. Mei de lytse bûntspecht is dat oars: dy roffelt wol trije tellen efterelkoar. De grutte bûntspecht roffelt ek wat minder faak en sadwaande falt it foar de leek net ta him te deterninearjen. Neist it roffeljen lit de grutte bûntspecht him faker ferriede troch in inkeld skel "typ!".
De grutte bûntspecht is sawat like grut as in lyster, mar hy is wat koarter. En hy hat uteraard in hiel oare hâlding. Hy komt it meast foar yn nulle- en leafbosk; ek yn parken en leanen yn iepen streken, sels yn doarpen en stêden.
 

De hauk De hauk
 
De hauk docht jin tinken oan 'e swarte spjocht: dat útlitten laitsjen, earst efkes op gleed komme en dan lang oanhâlde, mar helte heger en net klú - klú - klú, mar mear kii - kii - kii - ky - ky - ky-ky-ky.
De hauk is sawat like grut as de mûzefalk. Hy is meastal te finen yn in ôfwikseljend lânskip: iepen, mei hjir en dêr in bosk of boskje.
 

De hjerringslynder De hjerringslynder
 
Yn swiet wetter, mei in soad reid, is de hjerringslynder te finen. De hjerringslynder makket in driuwend nêst en nimt syn jongen mei op 'e rêch. Hy kin hiel goed dûke en lang ûnder wetter bliuwe.
De hjerringslynder kin men der út oan syn readbrune kraach mei in opfallende tufe en syn reade snaffel. De jonge fûgels binne griisbrún. Hy falt op trochdat hy út en troch ûnder wetter dûkt en dêr minuten lang bliuwt om dêrnei in ein fierder wer boppe te kommen.
 

De hoanskrobber De hoanskrobber
 
Hoarnskrobbers binne fûgels fan ferskate iepen lânskipstypen. It foer bestiet út lytse wringedieren (frâl mûzen en sjongfûgels) en ynsekten en wurdt gauris in hiel ein fan it nêst ôf sammele. It binne trekfûgels, dy't oerwinterje yn tropyske oarden.
De soart stiet op 'e Reade List fanwegen it sterk tebekrinnen en de beheinde fersprieding fan de Nederlânse briedpopulaasje.
 

De ielreager De ielreager
 
Gauris sjocht men de ielreager oan 'e kant fan 'e sleat stean, geduldich wachtsjend op in fisk of kikkert. Hy is it hiele jier troch tichteby it wetter te finen. De ielreager kin men der út troch syn wytgrize rêch, brune poaten en mei in tufe op 'e kop. Hy flocht mei stadige wykslach.
 
 

De klút De klút
 
Ferspraet oet ir Waad, de Súd-Hallânske en Sieuske eilannen, de Iselmarpolders en de seekust binne grutte konsintraasjes fan dizze sierlike steltrinners te finen.
De klút kin men der altyd út. Hy hat in stimmich swart-wyt fearrekleed, in tinne , op 'e ein omheech stekkende snaffel en blaugrize poaten, dy't by it fleanen fan efteren ta de sturt útstekke. Hy rint hurd, mat wol elegant.
It meat karakteristike is lykwols it foerasjearjen. De klút docht dat yn ûndjip wetter mei regelmjittich hinne en wer weefjen fan 'e kop, fan lofts nei rjochts en werom. By it fleanen ropt er frij dúdlik syn eigen namme. Is der in alarmtastân, dan lit er in fluitsjend klyp-klyp-klyp hearre.
Kluten libje yn koloanjes. Der is gjin ferskil te sjen tusken de mantsjes en wyfkes, útsein yn har hâlden en dragen.
 

De kobbe De kobbe
 
De kobbe hat in grize rêch mei swarte punten oan 'e wjukken. Simmers is syn kop brún, winters wyt. Kobben kinne prachtich "sile" op 'e wjukken yn 'e wyn. Kobben hâlde it meast oan 'e kust ta, mar der binne ek in soad yn it binnenlân.
Gauris sjocht men de kobben efter de trekkers fan de boeren oanfleanen, mar se komme ek op it ôffal dat by de wei lâns leit tasetten. It hiele jier troch binne se te sjen yn doarpen en stêden.
 

De koekoek De koekoek
 
Us ynlânske koekoek (Cuculus canoris) is griisbrún mei in wytbrún "sper"-boarst en in wat krûme, oerinoarhinne bitende snaffel. Gjin wûnder dar er foar in fôffûgel oansjoen wurdt wannear't er al stjittende op syn doel tafljocht
Yn wêzen is er in allesiter mei foarkar foar ynsekten. Dêrfandinne ek dat it wyfke har aai allinne mar oan ynsekte-iters útlient. foaral grutte hierrige rûpen, dêr't oare fûgels gjin bek op sette wolle, teknizet er earst mei syn snaffel, slingert se dêrnei hurd yn it rûn, sadat it termkanaal derút fljocht en dan yt er se op. Op 'en doer sitte de hierren fan de rûpen as in boarstel by him yn 'e mage, dy't geregeldwei ôfstjitten en útspuid wurdt.
 

De ljip De ljip
 
De wjukken fan de ljip binne fan boppen griens-swart en fan ûnderen swart-wyt. Hy hat in dúdlike punttufe boppe-op 'e kop.
De ljip kin men der út troch syn rop en syn bjusterbaarlike fleankeunst (dûkflechten). It mantsje bewekket it territiarium, dêr't de aaien yn it gers lein wurde. Yn eardere tiden waarden de aaien in soad opfandele en ferkocht.
 

De markol De markol
 
De markol hâldt fan rom wetter mei in soad begroeiïng en bout syn nêst fan reid en wetterplanten. Hy libbet yn kloften mei oare markols.
De markol kin men der altyd út: syn fearrepak is swart, syn kop wyt. Syn iten dûkt er ûnder wetter fan 'e boaium ôf op.
As er kjel wurdt, flocht er mei in soad kabaal út it wetter wei.
 

De mûzefalk De mûzefalk
 
De mûzefalk is meastal te finen op in healiepen stik kultuerlân tichteby bosken. Mûzefalken út noardliker kontreien komme hjir om te oerwinterjen. Dat tal wurdt rûsd op 75.000.
 

De reade wikel De reade wikel
 
It mantsje fan de reade wikel is lytser as it wyfke. It is de iennichste rôffûgel mei in readeftige kleur.
De reade wikel hâldt it leafste ta yn in healiepen lânskip; yn it iepen lânskip briedt er yn nêstkasten.
 
 

De reiddomp De reiddomp
 
Reiddompen briede yn somplân mei stevich, âld reid. Foar it grutste part binne it stânfûgels, dêr't yn strange winters frijwat fan sneuveltje kinne. Se libje benammen fan fisken, kikkerts, mûzen (winters) en grutte ynsekten. Meastal jeie se dêr op yn iepen wetter by de seidseamen lâns.
De reiddomp stiet op 'e Reade List om't it tal yn ús lân hurd tebekrint, sawol dat fan it briedareaal as fan de briedpearen. Dat komt om't it briedbiotoop tige kwetsber is.
 

De skries De skries
 
Skriezen binne ridlik grutte waadfûgels, te ferlykjen mei de wetterwylp (sa'n 40 sintimeter). Yn ferliking mei wylpen en wetterwylpen, dy't snaffels hawwe dy't nei ûnderen bûge, bûge de snaffels fan de skriezen (wat) omheech. Yn it breidseizoen binne ek de reade nekke en it reade boarst karakteristyk.
De libbensomjouwing fan de skries strykt mei dy fan de wetterwylp: sompen, wiete stikken heide en greide. Nei de simmer fleane se nei har wintergebieten yn Súd-Europa en Noard-Afrika.
 

De smjunt De smjunt
 
De smjunt fiet him it bêste thús op marren mei in rike vegetaasje, dy't ûnder wetter groeit of der boppe-opdriuwt.
It tal briedpearen yn Nederlân wie yn 1998: 35-50 briedpearen.
 

De tsjirk De tsjirk
 
De tsjirk is it lytse neefke fan de skries en is 26 oant 30 sintimeter grut. Hy hat fel oranje-reade poaten en in lange, rjochte, oan 'e basis reade snaffel. By it fleanen falle de wite stuitkyl en de wite ûnderkant fan de wjukken op. Fierder hat er fearren mei griisbrune strepen.
Tsjirken binne opfallende, drokke, senuweftige bistjes. Yn 'e briedtiid sitte se gauris op pealtsjes of hikken yn 'e greide te jodeljen. Se briede yn sompige greiden, yn begroeide sleatswâlen, op kwelders en op in sompige heide.
Bûten it briedseizoen sammelje se har yn grutte kloften op it Waad en by de kust lâns. Har rop klinkt muzikaal, fluitsjend: tiu-uu, de sang is ien lange ôfwikseling fan lange toanen en koarte trillers. Dy ûnried litte se in heech "tút-tút" hearre.
 

De strânljip De strânljip
 
De strânljip hat in swarte kop, is fan ûnderen wyt en hy hat rôze poaten. Nei de briedtiid sjocht men de strânljip gauris yn kloften.
It binne echte droktemakkers. It heart krekt oft se oanienwei lûd meiinoar prate en rûzje meitsje. As se jongen hawwe, is it in goede saak en kom net te tichteby.
Yn eardere tiden wiene se frâl oan 'e kust te finen, no ek wol yn it binnenlân.
 

De swan De swan
 
Wylde swan, lytse swan en knobbelswan binne de soarten dy't hjir in soad foarkomme. Se gliidzje steatlik, roeiend mei de poaten, meastal yn pearen, troch sleatten, fearten en greften. As se aaien of jongen hawwe, binne se agressyf.
De swan is wyt (de jongen binne griisbrún) en hat in lange hals mei in oranje of gielswarte snaffel.
 
De waterhoen It wetterhintsje
 
It wetterhintsje is in bytsje lytser as 'e markol. Je fine him oeral by wetter mei rike wâlbegroeiing.
It wetterhintsje wurdt net bedrig; wol kin it oantal nei in strange winter wol ta de helte werombrocht wêze! Lokkich folget yn 'e jieren dêrnei (oan't no ta) altyd in groei.
 
 
 
 

De wylp De wylp
 
De wylp is de grutste Europeeske steltrinner. It is in fûgel fan waad en dún. Men kin de fûgel der maklik út: gjin oare fûgel hat sa'n lange, krûme snaffel. It wyfke is grutter as it mantsje en har snaffel is ek langer. De fearren binne spikkel-brún.
Wylpen binne it hiele jier troch te sjen. De measten binne te finen by de Waadsee en yn it Deltagebiet, mar ek op oare plakken komt de wylp foar as briedfûgel. De Nederlânse briedfûgels trekke by't simmer nei it suden ta. Dêr komme soartgenoaten út it noarden wei foar yn it plak, dy't op it Waad en yn it Deltagebiet "oerwinterje".