De wylp
De wylp is de grutste Europeeske steltrinner. It is in fûgel fan waad en dún. Men kin de fûgel der maklik út: gjin oare fûgel hat sa'n lange, krûme snaffel. It wyfke is grutter as it mantsje en har snaffel is ek langer. De fearren binne spikkel-brún.
Wylpen binne it hiele jier troch te sjen. De measten binne te finen by de Waadsee en yn it Deltagebiet, mar ek op oare plakken komt de wylp foar as briedfûgel. De Nederlânse briedfûgels trekke by't simmer nei it suden ta. Dêr komme soartgenoaten út it noarden wei foar yn it plak, dy't op it Waad en yn it Deltagebiet "oerwinterje".
Yn 'e perioade 1966-1994 oerwinterden troch inoar 53.400 wylpen op it Nederlânse Waad.
Harkje nei it lûd fan 'e wylp.