De kobbe De kobbe
 
De kobbe hat in grize ręch mei swarte punten oan 'e wjukken. Simmers is syn kop brún, winters wyt. Kobben kinne prachtich "sile" op 'e wjukken yn 'e wyn. Kobben hâlde it meast oan 'e kust ta, mar der binne ek in soad yn it binnenlân.
Gauris sjocht men de kobben efter de trekkers fan de boeren oanfleanen, mar se komme ek op it ôffal dat by de wei lâns leit tasetten. It hiele jier troch binne se te sjen yn doarpen en stęden.