De klút De klút
 
Ferspraet oet ir Waad, de Súd-Hallânske en Sieuske eilannen, de Iselmarpolders en de seekust binne grutte konsintraasjes fan dizze sierlike steltrinners te finen. De measte kluten hâlde by't winter ta yn it Middell^nske Seegebiet yn 'e lagune Merdja Lerga yn Marokko of by de sâlte seeën fan de Rift Valley yn East-Afrika, bytiden yn konsintraasjes fan 30.000 eksemplaren. In lyts tal oerwintert yn ús lân (yn Seelân).
De klút kin men der altyd út. Hy hat in stimmich swart-wyt fearrekleed, in tinne , op 'e ein omheech stekkende snaffel en blaugrize poaten, dy't by it fleanen fan efteren ta de sturt útstekke. Hy rint hurd, mat wol elegant.
It meat karakteristike is lykwols it foerasjearjen. De klút docht dat yn ûndjip wetter mei regelmjittich hinne en wer weefjen fan 'e kop, fan lofts nei rjochts en werom. By it fleanen ropt er frij dúdlik syn eigen namme. Is der in alarmtastân, dan lit er in fluitsjend klyp-klyp-klyp hearre.
Kluten libje yn koloanjes. Der is gjin ferskil te sjen tusken de mantsjes en wyfkes, útsein yn har hâlden en dragen.
 
Boarne: "IVN Vecht en Plassengebied"