De skries
Skriezen binne ridlik grutte waadfūgels, te ferlykjen mei de wetterwylp (sa'n 40 sintimeter). Yn ferliking mei wylpen en wetterwylpen, dy't snaffels hawwe dy't nei ūnderen būge, būge de snaffels fan de skriezen (wat) omheech. Yn it breidseizoen binne ek de reade nekke en it reade boarst karakteristyk.
De libbensomjouwing fan de skries strykt mei dy fan de wetterwylp: sompen, wiete stikken heide en greide. Nei de simmer fleane se nei har wintergebieten yn Sśd-Europa en Noard-Afrika.