De grutte būntspecht
De roffel fan de grutte būntspecht duorret likernōch in tel. Mei de lytse būntspecht is dat oars: dy roffelt wol trije tellen efterelkoar. De grutte būntspecht roffelt ek wat minder faak en sadwaande falt it foar de leek net ta him te deterninearjen. Neist it roffeljen lit de grutte būntspecht him faker ferriede troch in inkeld skel "typ!".
De grutte būntspecht is sawat like grut as in lyster, mar hy is wat koarter. En hy hat uteraard in hiel oare hālding. Hy komt it meast foar yn nulle- en leafbosk; ek yn parken en leanen yn iepen streken, sels yn doarpen en stźden.
De grutte būntspecht bliuwt yn 'e winter. Hy wurdt net bedrige. En no't der mear en āldere bosken yn Nederlān komme binne der mear en mear geskikte oarden foar de grutte būntspecht.
Boarne: "IVN Vecht en Plassengebied"