De goes
Der binne frijwat soarten guozzen: skiere goes (grauwe gans), blesgoes (kolgans), wink (rietgans). De skiere goes komt yn śs lān it measte foar. Mei de trek fleane se yn V-foarm en roppe sa: gak-gak.
Har foer fine se tusken de bizen, op 'e greide en bou. Dat noasket de boeren mar min. De skiere goes is frāl in wintergast en komt hjir foar op it Iselmar, yn 'e Flevopolder en yn wetterstreken mei greide en boulān.