WOMMELS


DOARP FAN SINT JABIK


Wommels wie yndertiid it wichtichste doarp yn Fryslân dat wijd wie oan Sint Jabik. It is letter haadplak fan Hennaardaradiel wurden en no fan Littenseradiel. Wommels is as wenplak stifte oan in slinke dy't troch de kwelders streamde en letter ta de Frjentsjerter Feart waard.
Yn de terpen, dêr't Wommels op boud is, binne de âldste spoaren fan bewennig op de Fryske klaai fûn. Ek Romeinsk diggelguod kaam foar it ljocht.
De namme waard yn de midsieuwen as Womelinghe skreaun. It doarp lei net oan in grutte dyk. Ferfier fan en nei it doarp sil foaral oer it wetter plak fûn hawwe. Wommels wie ieuwenlang in wichtich sintrum foar de súvelhandel. It doarp lei gaadlik tusken Frjentsjer, Ljouwert en Boalsert yn. In spesjale bân mei Frjentsjer is de freulepartij. De wichtichste jongeskeatsparty dy't in wike nei de P.C. hâlden wurdt.

De Tsjerke yn Wommels

Yn it doarp wennen fanâlds de adlike famyljes fan de Jongema's en de Hottinga's, letter de Staperts en de van Sminia's. De Hottinga's fiere de Jabiksnúnders yn harren wapen wat op de see, de krústochten of op de ferearing foar Sint Jabik wize kin.
De tsjerke dy 't yn de earste jierren fan de sechtjinde ieu boud is hie, lyk as har foargonger, Jacobus Major as Patroan. It gebou is fan haadsaaklik giele bakstien. It by de restauraasje weromfûne súdpoartsje hat in blokt Moarsk profyl, tige passend by in Jacobustsjerke. ( Krek as yn Seeryp yn Grinzerlân)

Op de grutte klok yn de toer stiet:
 
SANCTUS JACOBUS MAJOR VOCOR
GERARDUS DE WOU ME FECIT
1494
 
' Ik wurd Sint Jakobus de Grutte roppen
Gerard van Wou hat my makke.'

Dizze foargongerstsjerke wie fan douwestien en is om 1100 hinne boud. Tsjerken dy't oan Jacobus wijd wiene, binne meast net âlde stiftingen. De Apostel waard pas mei de Krústochten belangryk. As skippershillige of as patroan fan de krúsridders kin er nei de Greidhoeke kommen wêze. Njonken de 'Tongersoan' hie de tsjerke altaren ta eare fan Jabiks beppe Anna en syn muoike Marije. Nijsgjirrich genôch deselde trijeslach as fereare waard yn Frjentsjer en letter op it Bilt.

It tsjerkesegel Yn de reformaasjetiid krige Wommels ien fan de moaiste en oan't hjoeddedei ta geefste protestantske tsjerke-ynterieurs. De preekstoel (it gesach) op de súdkant, de hearebanken (de macht) oan de noardkant en deromhinne de stuollen foar it folk (de fruchtberens) Lâns de muorren rouboarden út ferskate perioades. Op it westen it oargel, dêr't de oarsprong fan foar de reformaasje leit.

It Hottingawapen mei de trije Jabiksnúnders is yn hout te sjen by de opgong fan de preekstoel en op de koperen bal fan de leuning út 1661.
Op it yn 1961 op foarstel fan Ds. J. J. Kalma ûntwurpen segel fan de Herfoarme Tsjerke sjogge we de âlde patroan wer ûnderweis troch de Greidhoeke.

 
It Wapen fan Wommels

It wapen fan Wommels Yn 1999 ûntwurp Jelle Terluin fan de Fryske Rie fan Heraldyk in wapen foar it doarp. De trije griene terpen mei in keatspartoer boppe de heale moanne fan de famylje fan Sminia. Dêrboppe yn goud twa swarte Sint Jabiksnúnders (Hottinga) oan wjerskanten fan in reade roas (Jongema).
De flagge fan Wommels De swarte Jabiksskulpen wurde as kleurynfersy (omkearing wyt-swart) beskôge mar kinne ek as azabaches (skulpen yn git) sjoen wurde. De roas as symboal fan it doel fan de pylgerfeart en de lizzende heale moanne fan de Islam passe - ûnbedoeld- goed yn de Jakobussymbolyk. Yn de flagge is de Jabiksnúnder yn read oanbrocht, njonken roas en liedstjêr. It lêste symboal jout oan dat Wommels haadplak fan de Gemeente is.