JAKOBSTED LJOUWERT


 
DE MIDSIEUWSKE FRIEZEN HIENEN IN SPESIALE RELAASJE MEI DE PYLGERAPOSTEL JAKOBUS. NEIST DY FAN DE ALDE, MYSTIKE HAADSTED FRJENTSJER FOARME HIM EK YN LJOUWERT, DE HAADSTED YN OPKOMST, IN NIJSGJIRRIGE JAKOBUSTRADYSJE DY'T OAN'T HJOEDDEDEI TA FOAR IN PART YN EARE BLIUWN IS. NEIST DE GREATE JAKOBUS MOETSJE WE YN LJOUWERT EK SYN NEEF DE LYTSE OF JONGE JAKOBUS.
 
DE WIERE JABIK
 
Jacobus de Meerdere It is mei de ferskillende Jabik's in tizeboel. As je net sa bibelfêst binne fâlt it ôf it ûnderskie te witten tusken Jakob, de broer fan Ezau, tusken Jakobus, de soan fan Sebedeus, Jakobus, de soan fan Alfeus, beide Apostels fan Jezus en Jakobus, de broer fan de Hear, de earste oerste fan de tsjerke fan Jerusalem. Ien fan harren hat ek noch de "Brief fan Jakobus" skriuwn.
Foar de midsieuwse minske wie de earste de Aldfaar en de lêste fjouwer waarden as twa beskôge. Hja waarden ûnderskieden as de Alde en de Jonge Jabik of de Greate en de Lytse, Minor en Major yn it Latyn.
Jacobus Major wie de ferneamde pylgerhillige en broer fan Johannes, de "Minor" en de Broer fan de Hear waarden as deselde beskôge. Meast seach men yn de lêste, yn neifolging fan Hiëronymus, ek de Briefskriuwer. Yn de Goddelike Kommeedzje fan Dante wurdt de Pylger wer as de briefker beskôge. Gjin wûnder dat de Hollanners muote hawwe mei it finden fan "De Ware Jakob".
 
Jacobus de Mindere Ek Friezen stroffelje oer de ferskate Jabikken.
Sa stiet yn it Boekje yn de rige "Monument van de Maand" oer de Tsjerke fan Sint Jabik in mooie foto fan de Jakobusgevelstien oan de Iewâl yn Ljouwert. It Biltdoarp is wis tawijd oan Jakobus de Alde, wylst op de gevelstien dúdlik: "D. Jonge.S. Jacob" te lêzen is. Hy hat ek net in pylgerstêf yn de hân, lyk wolris tocht wurdt mar de knots fan Jakobus de Jongere.
Dat men de hilligenskyn fan de apostel in skelpfoarm joech, fergreatet de betizing.
Fierder hat Ljouwert syn Jakobiner Tsjerke en Tsjerkhôf. Der binne Ljouwerters dy't derom miene dat de Jakobiner tsjerke tawijd wie oan Jakobus. Dat is net sa, de patroan fan it kleaster wie Dominicus de stifter fan de Dominikaner oarder, ek Preekhearen, Bûnte Papen of Jakobinen neamd. Jakobinen of "Bruorren fan Sint Jabik" waarden dizze gelearde biddelmûntsen neamd om't harren greate kleaster yn Parys oan de Rue Saint Jacques " Sint Jabiks strjitte" stie. Mei de Franse revolusje húsmanne der ien fan de partijen, dy't dermei as de "Jakobinen" de skiednisboeken yngean binne. Yn de Ljouwerter Grutte tsjerke binne in tal fresko's úntdutsen út in rige fan Apostels mei it Credo. De Jacobusskildering yn dy rige mei wol de moaiste ôfbylding fan de Apostel yn Fryslân hjitte.
 
MAAIEDEI en de JONGE JABIK.
 
Beide Jabikken heare bij wichtige merkeldagen yn it boerejier. Jakobus de Alde stiet oan it begjin fan de nôtrisping De Twentenaren neame de 25e july "Sint Jopke in't streu". De Jonge Jabik hie fanâlds mei Filippus syn feestdei op de earste maaie "Sint Jopke in't heu".Yn de foarskristelike tiid wie de maaiedei it greate maaitiidsfeest. Oeral waarden de maaie beammen oprjochte as symboalen fan fruchtberens en libbenskrêft. Greate fjurren begroetten de simmertiid. Maaie - âlde maaie mei't de Friezen fêsthaldden oan de Juliaanske kalinder- stiet noch altyd op de kalinder. Ieuwenlang waard op maaiedei ferhúze en gong men yn de koarte of de "lange hier".Noch altyd binne de measte houliken yn Fryslan yn 'e maaie. Jonge minsken, yn de bloei fan harren libben, komme foar dûmny en amtenaar of knibbelje foar it Alter yn de tiid dat hiel de natûr fol is fan de rop it libben troch te jaan.
De kristelike tsjerke is yn de tradysje fan Israëls striid tsjin de fruchtberheidsgoaden altyd der op út de krêften fan erotyk en geslachtelikheid te behearskjen.
It wie dreech it al te bluistere maaiefeest in plakje op de kalinder te jaan. De measte maaiegebrûken waarden ferbean. De maaiebeam sjogge we allinne noch op in nyboud hûs en as "Kallemooi" op Skiermûnteach. De maaiekeninginne gong ek yn Fryslân noch ieuwen rûn as "Pinksterblom". Ek oare maaiegebrúken waarden nei Pinkster ferpleatst.
De sosialistyske beweging keas de maaiedei as dei fan hope op in rjochtfeardige maatskippij. Yn Nederlân hat de skiednis fan de tweintigste ieuw de lêste dei fan april en de earste dagen fan maaie in eigen kleur jûn. It wichtigste oersymboal fan de earste maaie is de wyldeman, in manspersoan alhiel mei griene bledden bedutsen dy't by it feest fan fruchtberens syn ommegongen makke. De minske en de bloeiende vegetaasje binne yn him feriene. De Wyldeman of de Griene Man, werfan de moaiste te sjen is oan de gevel fan "de Wildeman" op'e Lemmer, draacht in greate knots as byld fan syn wylde krêft.
Súnt de trettjinde ieuw draacht "de Jonge Jakob" yn stee fan de folderstange wermei't hy deade wêze soe, in knots. De Jonge Jakob libbe yn strange ûnthâlding; hij iet gjin fleis en dronk gjin wyn en libbe kein en tige earber. Hy wie derom útsoarte geskikt de wyldeman te temmen en him syn knots te ûntfytmanjen. Rome achtte Sint Joazef de Timmerman wer geskikter ta de doop fan de soasialistyske maaiedei, derom ferhúze de apostel mei de knuppel nei 3 maaie. Yn de literatuer wurdt in pear kear Jakobus de Jongere as Patroan fan Fryslân opfiert my liket it ta dat ek hjir de Jonge en de Alde Jabik troch elkoar helle binne!
 
DE FREUN FAN DE EARMEN
 
Neist de Lytse Jabik hie ek de Greate Jakobus yn Ljouwert syn plakje
Ljouwert hat in klassike St. Jakobsstrjitte lykas safolle oare Europeeske stedden yn de lette midsieuwen krigen, kompleet mei gasthús, kapelle en toer. De Sint Jakobsstrjitte rint krekt as yn al dy oare stedden fan Nederlân, België en Westfrankryk noard-súd yn de rjochting fan Santiago yn Spanje. De poarte nei it súden, hjoeddedei de Wurdumerpoarte, hjitte de Sint Jabikspoarte. De poarte wie boud yn 1398 en waard ek de "stiennen poarte" neamd.
Yn de fyftjinde ieuw waard it Sint Jabiks Gasthûs stiftte. It wie in hûs foar earme minsken lyk blykt út in testamint fan 1494 weryn de "aermen yn Sinte Jacobs jesthuus" in skip mei turf taskikt wurdt. Yn de Sint Jabiks kapellen en tsjerken wiene faak earmetafels weroant men sûnder jild oanskikke koe. Dizze oandacht foar de earmen yn de namme fan Sint Jabik giet werom op de Brief fan Jakobus weryn't wakker klam lein wurdt op wurkdiedich leauwe. Neffens de skriuwer fan de brief is lekker ite, ferbygeande oan de earmen, slimme sûnde. It Sint Jabiksgasthús is yn letter tiid opgongen yn it folle greatere Anthoniusgasthûs.
 
Yn 1540 waard by de kapelle de Nije Toer boud as alternatyf foar de Aldehou. De Nije Toer waard ek de Sint Jakobstoer neamd. De sierlike toer yn renaissansestyl stie op de hoeke fan de Klokstrjitte en de Greate Heechstrjitte. Yn 1884 wie de toer sa boufallich dat er ôfbrutsen wurde moast, it klokkespul hinget hjoeddedei yn it koepeltsje fan it stêdhûs.
 
Jakobus de Greate, de himelske garant fan de Fryske Frijdom, waard yn Ljouwert aloan wichtiger. Op de measte plakken wienen de greate skuttersfeesten, mei de striid om de keningstitel, om Pinkster. Yn Frjentsje wie de wedstriid op Sint Jabik, 25 july en yn Ljouwert op de snein nei Sint Jabik. Ljouwert prebearre de politieke macht fan Frjentsjer oer te nimmen en lûkte derta, sa liket it, ek de geastlike symboalen fan de âlde stêd nei har ta.
 
IT SINT JAKOBSLIEN.
 
De namme fan de apostel fan de pylgers is yn Ljouwert oan't hjoededei ta bewarre yn it Sint Jakobs'of Sint Jobslien fan Aldehou. Dit lien is stifte yn it lêst fan de fyftjinde ieuw as benefysje troch Jelle Juw Juwsma de Opperpreester fan de Tsjerke fan Aldehou. Jelle stiftte it benefysje om it Sint Jabiksaltaar yn de tsjerke ûnderhâlde te kinnen en om de oplieding fan in preester te bekostigjen. De stifting fan it altaar wie in gefolch fan it Ljouwerter bieroproer yn 1487. It fetkeaperse Ljouwert hie yn 1435 besletten dat yn de stêd allinne eigen broud bier tape wurde mocht. Yn '87 blieken in tal mannen fan bûten de stêd in útlans brousel te drinken. Der kaam fjochterij fan en de flam sloech yn de panne.It kaam ta in foech oarlochje tusken Ljouwert en de Skieringer stêdden fan Westergo. Ljouwert moast belies jaan en krige in besetting fan Skieringers te ferduorjen. Yn 1492 wist hja, mei help fan de stêd Grins, it Skieringer jok ôf te smiten.
Yn de striid fan 1487 rekke de yn 'e sted tige op in goede namme steande haadling Pieter Sybrand Aukema om it libben. Aukema waard ombrocht op de 25e july; Sint Jakobsdei.
Syn healbroer Jelle stiftte ta syn neitins in alter ta eare fan de Apostel.
Nei de reformaasje waard it benefysje omsetten yn in stúdzjelien Oan't hjoeddedei ta bestiet dat ûnder de namme "Sint Jakobs of Sint Jobsleen tot Oldehove". Dat inkeld protestantse studinten fan it lien profitearje kinne mei ien fan de mystearjes fan de Hillige Jakobus hjitte!
De landerijen dy 't it lien fundearren, leine fanâlds by de Bûterhoeke en noardwest fan de stêd. De gemeente Ljouwert hat alle besit binnen de stedsgrinzen oerkocht. It Jabikslân leit no ûnder Koarnjum en Sint Anne. It krewearjen fan opperpreester Jelle ta eare fan Sint Jabik draacht frucht oan't yn ús dagen.
 

Aktualisearre artikel fan Jan Romkes van de Wal, earder yn Frysk en Frij ferskynd.