KLEASTERLEGINDEN
Kleasters lâns it Fryske Jabikspaad.
De midsieuwske kultuer is net yn te tinken sûnder de kleasters. Dat wie wûnderlik genôch net allinne sa yn de Christelike wrâld, ek de Hindoe's en de Boeddhisten hiene in dyselde tiid harren greate kleasters Yn hiel de âlde wrâld ûntduts de minske de moochlikheid fan it mienskiplike selibataire libben. "It siet yn de loft" krekt as it projekteren fan in geastelike ynwijingswei op in ierdse wei, de djipste betsjutting fan in pylgerwei. Yn Japan en Tibet fine we prachtige pylgerwegen lâns hillichdommen dy't de minskesiele foarmje op de wei nei it folsleine. Mei't dit folsleine op ierde net te berikjen is, folget yn de kleasterskiednis altyd op in perioade fan geastlike en materiele bloei, in tiid fan stagnaasje, teloarstelling en ferfal.
De Fryske kleasterskiednis is ien fan op en delgong en fan in folslein ferdwinen mei de reformaasje. Yn ús tiid "ferdampe" de kleasters fan de Roomsk- Fryske missy yn de nije tiid.. De paters en susters wurde yn ús dagen wer opfolge troch Tibetaanse Lama's en Russysk- Ortodokse klúseners. Ek lâns it Fryske Jabikspaad letten âldtiids de klokjes fan de abdijen en wienen mûntsen fan ûnderskate oarders ûnderweis.
DE GEASTLIKE REIS
Yn de earste bloeitiid van de pylgertocht nei Santiago, sa rûchwei alve hûndert, binne it foaral mûntsen, dy't de pylgerstêf opnimme om nei it ein fan de wrâld te rinnen. Yn de lette midsieuwen meitsje foaral strafpylgers en boargers de lange reis. De geasteliken beheine harren ta de geastlike pylgerpaden en derfoar hoecht men him net bûten de kleastermuorren te bejaan. Yn in strang kleaster hie it regime de hurdens fan in strafbeafeart.
Mei de Reformaasje sille ek de leken kieze foar de symboalyske reis. Bygelyks oan de hân fan de bibelske psalmen of de pylgerlieten út de bondel fan Johannes de Hear. In hichtepunt fan dizze spiritualiteit foarmet Bunyans "The Pilgrims Progress" troch Dûmny Wumkes yn it Frysk oerset as "de Pylgerreize".
Pas yn de jongste tiid heare ek protestanske kristenen de lokrop fan fiere pylgeroarden efter de hoarizon. Kleasters spylje derby ek hjoed de dei in haadrol. Taizé yn Boergondië is in geastlike magneet foar de jongerein fan alle konfessy's, mar ek de kleasters ûnderweis nei Santiago kinne de oanrin fan de Godssikers kwalik ferwurkje.
Kleasterlingen en Fryske "fromme" protestantske jongeren blike elkoar tige goed te ferstean. Faak wurdt dan sprutsen fan" twa hiel ferskillende tradysjes". Ik tink dat dat ferskil folle minder great is dan men tinkt. Fryslân is yn wêzen kerstene troch de mûntsen fan de greate oarders. De Fryske piëtistyske frommens woartelt yn dy fan al dy pastoars yn it kleasterhabytfan de earste helte fan dit millenium.
It belibjen fan de Godheid as in Almachtige Heare mar tagelyk en foaral as in tichtbije Freun en Tochtgenoat, ferbynt de Fryske kristenen oer de ieuwen hinne.
DE HIMELSKE BRULLOFT
Spesiaal de kleasters fan de Praemonstratensers en dy fan de Augustiner koarhearen spilen in wichtige rol yn de pastorale begelieding fan it Fryske folk. Yn in protte parochies tsjinnen geastliken fan dizze oarders as pastoars en kapelaans. Oer de Premonstratenser kleasters is, tank sy de bewarre bliuwne kleasterkroniken, noch ridlik folle bekind.
SIARDUS FAN MARIENGAARDE
De moaiste ferhalen fine we yn de de abtslibbens út Mariengaarde by Hallum. Spesiaal yn de skiednissen fan Freark en Siard. Siard "Sjoerd" (1194 - 1230) wie in man fan strange tucht en seltskastijing mar ek fan in greate soarch foar de earmen. Hy wurdt derom ôfbylde mei in giselswipe en in koer mei bôlle. Syn libbensbeskriuwing fiert ús werom nei de Fryske midsieuwen.
Sa lêze we dat Siardus ienris mei in stel bruorren, op it hynder, ûnderweis wie lâns de Middelseedyk by Jellum. Ut it doarp kamen de klanken fan brulloftsmusyk op de bruorren ta. De faders woene trochride. Mar Siardus wiisde harren teplak en hjitte harren yn de wâl sitten te gean en nei de dûnsmusyk en it sjongen te harkjen. Selts bliuwde er op it hynder sitten. "Harkje" sei er "en merkbyt hoe fleurich en bliid dy minsken der binne! En betink dan hoe great dan ús blydskip wêze sil, ienris op de himelske brulloft." Doe rekke de hillige man yn ekstase, in heal ûre lang lei Siardus foaroer op it hynder "yn hillige slomme" as fan de wrâld en syn antlit striele fan ynlike freugde. Doe kaam er oerein en fertreaste ferfolgen de bruorren harren paad de dyk del.
Wa wit wiene de wythearen ûnderweis nei ien fan harren parochy's yn it hert fan Westergo: Baard, Winsum, of nei de Michaelsberch.
MICHAELSBERCH
Michielsberch, de Fryske "Mont Saint Michaël" wie in kleaster fan de Wite Frouwen. Yn de begjintiid wienen de Premonstratensenkleasters dûbelkleasters: oan de iene kant fan de tsjerke de mannen, oan de oare kant de froulju. Dit op himselts sa oantreklike systeem brocht dochs foarstelbere swierrichheden mei. Derom waarden letter spesiale frouljuskleasters stifte. Yn Fryslân altyd ûnder it bestjûr fan de abt fan in mannekleaster, abdissen hiene wy nea. De Friezen beskôgen de froulju as hânlingsûnbekwaam yn saken fan hannel en rjocht.
Michielsberch wie it frouljuskleaster dat by Lidlum hearde, lyk Bartlehiem by Mariengaarde.
KLEASTER LIDUM
Lidlum, "Marije' delling" dat oan ús fytsrûte tusken Tjummearum en Easterbierrum leit, wie in tige great kleaster. Om 1200 hie it likenôch 600 ynwenners. Kleasters fan dizze greatte wiene winliken lytse stedsjes. Der libben net allinne mûntsen mar hiele hûshaldingen gyngen wenjen yn it skaad fan sokke greate abdijen. It ideaal wie de Earste Gemeente yn Jerusalem wer't de earste kristenen yn geastlike en materiele frede by inoar wennen.
It herte fan de Lidlumer abdij wie de grêftombe fan de hillige abt Eelco fan Liaukema dy't op trije maart 1322 yn Boksum troch syn lekebruorren fermoarde waard doe't er wegere yn de fêste fleis te iten. De bruorren foelen op him oan en sloegen him dea. Yn stee fan fleis foelen wite roazen út de mantel fan de Fermoarde Unskuld. It Ferhaal fan de marteldea fan de Lidlumer Abt lit sjen hoe fier ideaal en wurkelikheid út inoar groeid wiene.
LEFFE EN BARTLEHIEM
Yn 1580 wie it foargoed dien mei de kleasters dy't ienris Fryslân sa ferneamd makke hiene. De sang, dy't dochs al ieuwen oan enthousiastme ynboete hie, ferstomme, de stoflike omskotten fan de hilligen rekken fersille. Frearks en Siards reliken waarden neffens it ferhaal ûnder yn in koer mei tsiis en droege woarst nei Dutslan smokkele.
Fan dêr bedarren se yn de Abdij fan Leffe by Dinand oan de Maas. Hwa´t it Pylgerpaad lâns Issel en Maas nei it súden folget, kin harren dêr yn de Abdije, ûnder it alter, fine.
Neffens de Prior kinne de Friezen, as hja in weardich plak derfoar fûn hawwe, in part fan de reliken werom krije. Hja heare op't lêst yn Fryslân. Op harren wize hawwe Freark en Siard, mei harren wite bruorren en susters, in wichtige rol spile yn ús skiednis.
De pylgerpaad dat fan Swarte Hoanne oer de Bilddiken nei it easten rint, fiert troch it Mûntsjebilt nei Mariëngaarde. In mânske bouboerpleats bewarret de namme fan de machtige memme - abdij, dy't mei har dochters oan Eastergoa de bynamme "Alba":"it Wite Lân" skonk. In monumint fan âlde friezen hâldt it oantinken libben.
Neffens de oerlevering leit yn de terp in gouden klokje bedobbe. Doe't in pear man fan Alde Leie it klokje lang ferlyn te middernacht opgrave woene, hearden hja it yn de djipte lieden. Doe't hja fierder dolle woene kamen der trije man yn wite kleiinge fan de kant fan Hijum út oanrinnen. Doe wie it harren oer. Oaren fertelle dat djip ûnder de pleats kelders binne weryn de sulveren en goudene bylden lizze dy't yn de âlde tiden de kleasteraltaren sierden.
Al in pear jier komme op de feestdei fan Sint Freark, 3 maart, in tal pylgers fan Ljouwert nei Hallum. Dit paad oer de Hege Hearewei en de eastelike Middelseedyk kin men nei it súden folgje. In alternatyf paad rint oer Bartlehiem, lâns de Dokkumer Ie, nei Ljouwert.
Fanôf Ljouwert folgje de pylgers it trajekt fan de hearwei dy't fan de haadstêd fan Eastergo nei it Suden gie. De Ljouwerters krewearje by de Abt fan Leffe om in part fan de reliken werom nei Fryslân te krijen. Under it Altaar fan de Bonifatiustsjerke soene se wer thús wêze.
It paad fan Mariengaard nei it Súden is nei alle gedachten ek it paad dat de earste strafpylger út de Nederlannen gien is. Yn it jier 1170 stjûrde Abt Freark Asego op boetepylgerfeart nei Jerusalim. Asego hie op syn brulloft falsk jild oan de earmen útdield. Boppedat wie hy in agressyf minske. Freark hope dat Asego syn libben betterje soe en as drager fan de fredespalm weromkomme soe. Syn skoansuster Gertrude fan Driesum beselskippe him en hja stelde foar nei de besites oan Jerusalem en Rome ek nei Santiago te gean. Asego waard ûnderweis siik en stoar: "bliuwn op Sinte Jabiks strjitten", sa't de deadeboeken sizze, en Gertrude kaam allinne yn Hallum werom. De fromme frou waard de earste abdisse fan it kleaster Bethlehem dat as Bartlehiem "legendarysk" yn de reedriderswrâld wurden is.
Aktualisearre artikel fan Jan Romkes van der Wal yn Frysk en Frij