Wa't reisen makket kin sterke stikken fertelle. It wūndebaarlikste ferhaal dat de pylgers nei Sint Jabik mei nei hūs nimme is dat fan de jongfeint dy't ophongen waard mar troch in wūnder it libben derōf redde. It thema sprekt alle minsken oan: in ūnskuldich minske wurdt ta de dea feroardiele mar de himelske gerjochtichheid grypt yn en de ombrochte jongfeint of jongfaam hāldt it libben. Foar de boetepylgers nei Santiago wie it in ferhaal dat harren hope op in nije kāns ūnder wurden brocht. It ferhaal spile him ōf yn Toulouse of yn Santo Domingo de la Calzada mar, neffens de sjongers op Skylge, ek yn Frjentsjer "būten de poarte".
Klaas Dankert fytste mei syn frou Trude yn 1993 nei Santiago de Compostella. Hy fertelt yn "Fan Sint Jabik na Sint Jabik" it ferhaal fan 'de hongene dy't loskaam' sa troch oan syn Biltske lźzers:
"As wij de Kathedraal - fan Santo Domingo - inkomme is't eerste dat wy sien 'n lśkse kooi met twee hinnen, levend en wel. Der sit in lang ferhaal aan fast, mar te mooi om 't niet te fertellen:
In de twaalfde eeuw waren 'n hait en 'n mim met de seun op pelgrimstocht. Se sliepen in Santo Domingo. De dochter fan de keslain wort op slach ferliefd op'e seun, mar deuze fon dat niet passen by in pelgrimstocht en wees hur de deur.
't Maisy waar koegels en stopte 'n sulveren beker in syn tas. De andere offens worde de jonge foor 'n dief houwen en hij worde drekt ophongen.
De ouweloi gongen diepbedroefd feerder na Santiago en maanden later kwammen se op 'e weromrais weer deur Santo Domingo. Doe't se bij 't galgefeld kwammen sāgen se, dat hur seun nag leefde.
Se draafden soa hard dat se konnen naar 't hoofd fan de plisy, dy't krekt an't maal sat.
Fansels loofde-y gyn woord fan't hele ferhaal en saai: "At deuze twee hintsys (op syn bōrd) weer levend worre, dan loof ik jim". Op datselde stoit begonnen 'e hinnen te kakelen.
De jonge worde los sneden en de keslainsdochter in syn plak ophongen. Sōnt die tiid sitte d'r in 'e kathedraal altyt twee hinnen of hanen."
Folle wiidweidiger wurdt it ferhaal ferteld troch Tjaard W. R. de Haan yn syn boek mei folksferhalen: "Water dat van zilver is" dat yn 1979 śtkaam. Tjaard de Haan's heit wie fan Fryske komōf en fertelde graach oer it ālde heitelān. Ynspirearre troch syn heit, lit er de pylgers śt Fryslān weikomme.
De pylger en syn soan hjitte Murk en Gjalt en komme śt Gaasterlān. Hja libje yn de foar Fryslān sa beskamseme, wetteleaze tiid fan de Skieringers en de Fetkeapers. Op de Wyldemerk, de greate simmermerke by Harich, is it ta fjochterij kommen en Murk hat, sūnder dat er it wist, syn heit Asing deaslein. Pastoar Clemens stjoert him as boeteling nei "San Jago". Gjalt, syn soan, giet mei nei Spanje. Yn Tolosa is it merke en heit en soan wolle efkes yn it waar sjen, se binne al salang from west. Roxane, de dochter fan Rocardo, de kroechbaas fan de Sān Flieėn, wol de oanfallige, ferlegen jonge śt Fryslān mei syn mooie wite hier ferliede. Hja hat de bynamme "de fampier fan Tolosa en gjin man is foar har feilich. Murk krijt har bedoelingen yn de gaten en tongert: "Nee, nee, en nochris nee". Roxane jout it oer mar "mei in herte fol wraak en begeerte". Yn de nacht ferstoppet hja in gouden muntstik yn de bagage fan de heit. De oare deis, great trelit, de arrestaasje en de deastraf foar Murk.En dan giet Gjalt yn syn heite plak stean. Hy, in ūnskuldige jonge, sil as hy ombrocht wurdt, nei it himelryk gean, foar Murk, tekene troch bloedskuld, is der inkeld de hel as foarlān. De ūnskuldige jongfeint bringt sa foar syn heit it offer fan syn libben.De grize, wize rjochter beslśt nei lang berie de soan op te hingjen. Yn it midsieuwske tinken gyng it ivich heil foar it tydlik en tige nuodlik libben hjir op ierde.
As Murk nei seis en tritich dagen werom komt en būten de stedspoarte fan Tolosa nei de galge strompelt, sjocht hy dat de eagen fan Gjalt striele en: "het ging door zijn hart, als balsem en zwaardslag wat hij toen hoorde, half zingend in de taal van "it Heitelān":
Ik hingje net, ik stean net,
ik rźst yn Marijes earmen;
Sint Japik, op syn wyt hynder,
dy joech my brea en wyn!
Ricardo en syn mansike dochter Roxane wurde op freeslike manier ombrocht en it folk ropt "Amen" mei't al op ierde, troch himelske tuskenkomst, rjocht dien is.
It ferhaal fan de Haan is, yn syn swier oansetten geilens en wredens, hiel wat rūger as de midsieuwske fertellingen werop it werom giet. Op it skutblźd fan it boek seit hy mei rjocht La Fontaine nei: "Der is neat of men fertelt it op allehande manieren."
As Peter Vermaat, de ferneamde Slappeterpster ferhaleferteller, de leginde anno 1997 ta libben bringt, binne de heiten de foute jonges. Peter fertelt hoe't Gjalt en Roxane elkoar moetsje yn de herberge en fereale op elkoar wurde. Murk is it der fanselts net mei iens en ferbiedt syn soan de omgong mei it Spaanske famke. Ricardo ferstoppet it jild yn Murks bagage om syn dochter oan har frijer te helpen. Fanselts hat hy der net mei rekkene dat Gjalt foar syn heit troch it fjūr giet. Roxane wekket dagenlang skriemend ūnder de galge weroan har leafste hinget. As Murk werom komt śt Santiago en Gjalt noch blykt te libjen, stjert Ricardo oan in hert- oanfal. Roxane reisget mei har freun en syn heit nei Gaasterlān en it jonge pear trout. Dat der yn Fryslān, speciaal yn Gaasterlān, neist al dy kreaze blondines, sa no en dan ek sokke kreaze swarte famkes omstappe komt, neffens Peter, omdat de fekansjeleafde tusken Gjalt en syn Roxane net sūnder resultaat bliuwn is.
Pylgers, underweis nei Swarte Hoanne kinne it net litte en ferbyn dat bist mei de Brette Hoanne fan Santo Domingo. Werom soene Gjalt en Roxanne dat bewiis fan harren wūnder net meifierd hawwe nei it Heitelān?
Te Franeker buiten de Poort.
Net allinne Roxane mar hiel de histoarje fan de ūnskuldige oan de galge, wurdt nei Fryslān helle yn de ballade "Daar buiten in die velden" sa't dy troch Jaap Kunst op Skylge fźstlein is en noch altyd songen wurdt. It is de froulike pendant fan de Pendu dépendu " de hongene dy't loskaam" en wie yn it ferline yn hiel West Europa bekind. Hiel it plot is hjiryn feroare. Moochlik hat it ferhaal in selstannige oarsprong en hawwe de leginde en it folksferhaal elkoar yn de rin fan de ieuwen op elkoar ynwurke.
De ballade begjint sa:
Daarbuiten in die velden
daar staat een herberg fijn
daar zovele heren verkeren
daar zovele heren zijn.
De dochter fan it kastleinske krijt in net winske berntsje. Hja fermoardet it en leit it yn it bźd fan de tsjinstfaam. It ūnskuldige famke wurdt beskuldige fan bernemoard en ophongen " te Franeker buiten den poort". Op it fźstelān song men "te Frankfort" of "te Frankrijk", foar de sjongsters op Skylge wie "Franeker " grif bekinder en tagelyk fier genōch. As de jongfaam ophongen is komt har "soetelief" by de herberge. Hy kin der net by dat syn freundinne har sa misdroegen hat:
"Ik kan het slecht geloven,
ik kan het slecht verstaan
'k heb haar hartje zo menigmaal bewogen
en zij heeft nooit mijn wil gedaan."
Hy jout syn hynder de spoaren en riidt nei it galgefjild. Sjoch de keine faam libbet, hja wurdt fan de galge helle en de "hoeren" wurde ombrocht. Net allinne op Skylge, yn hiel Fryslān wie it liet fanālds as "En over een Groenelands Heide" bekind. Waling Dykstra neam it op yn syn "Doaze mei alde snypsnaren" en neffens Sietse Jan van der Molen yn "De Fryske Tjalk" stie it ek op it repertoir fan Peye Rasp, de lźste lietsjesjonger fan de Wālden.
Oan't yn it midden fan dizze ieuw klonken sa de wurden fan de "rźdden hongene" oer Frys- lands bou en greiden as de keppel der skrepte yn hea en fjildfruchten:
"Ik hang niet, noch ik sta niet,
ik rust in Maria's schoot.
De engelen uit de hemel,
die brengen mij water en brood."
De "evergreen" fan Sint Jabiks strjitten; oer de rźdding śt de dea fan in ūnskuldich minskebern, hāldt de minsken yn de besnijing.